Bouwe van Ens
Bouwe van Ens (De Kúnder, 23 maart 1893 - It Hearrenfean, 12 april 1945 ) wie in feehâlder en fersetsman yn de Twadde Wrâldoarloch.
Bouwe fan Ens wie feehâlder yn Nijhoarne. Syn rol yn it ferset wurdt beskreaun yn it boek "Friesland Annis domini 1940-1945" fan de hân fan Drs. Y.N.Ypema: H.M. waard opjage en ek syn meiwurkers by de Joadehelp, Bouwe van Ens út Nijhoarne rûn grut gefaar. Mar van Ens wie in man dy't him allinich ferantwurdlik fielde foar God oer, en hat dizze hâlding ta it tige bittere ein folhâlden. Nettsjinsteande warskôgings om te ferdwinen, wie er net fan doel om ek mar ien stap foar in Dútser opside te gean, en bleau wêr't er wie.
Op 23 jannewaris 1945 waard er oppakt, nei Crackstate brocht. Crackstate waard yn de oarloch troch de Dútsers as finzenis brûkt. Van Ens waard dêr op grouwélige wize tamtearre, mar gjin namme waard troch him neamd. Yn de nacht fan 12 op 13 april 1945, in pear oeren foar de befrijing fan It Hearrenfean, waard er mei Sijbren Sijtsma út Himmelum ûnder Terbant deasketten.