De Bouwepet is in feart yn Tytsjerksteradiel en rint fan besuden Gytsjerk, yn eastlike rjochting, sawat oan de Ottemawei ta. Oan de eastkant komt it wetter út yn De Ryd. It natuergebiet om de Bouwepet is eigendom fan It Fryske Gea. De streamdelle fan de Bouwepet is al yn de lêste iistiid ûntstien. Dit ferklearret ek dat der safolle swerfstiennen yn de grûn sitte. Ut ûndersyk die bliken dat dy stiennen út hiel ferskillende dielen fan Skandinaavje komme.

Bouwepet

Yn Mûnein is in geologysk swerfstienmonumint it begjin- en einpunt fan in unyk natuerkuierpaad troch it natuergebiet de Bouwepet yn de Trynwâlden.