Brânhichte
In brânhichte (of brânheuvel) is in soarte fan grêfhichte wêrby 't de heuvel oer de oerbliuwsels fan in brânsteapel en kremaasjeresten opsmiten is. In brânhichte wurdt ek wol brângrêf neamd.
Brânhichten komme út de izertiid. Se hawwe soms in groppe. Brânhichten lizze faak yn grutte groepen byinoar. Oars as by 'normale' grêfhichten, komme byjeften net faak foar. Der wurde bytiden raande foarwerpen fûn dy 't op de brânsteapel oanwêzich wiene.
Brandhichten binne ûnder oare fûn:
- by Emmen (deunby hunebêd D41)
- by de Galgenberg tusken Sleen en Zweeloo
- op it Noormansveld by Dwingeloo
- by begraafplak Zevenberg by Pesse
- op it Hunnetsjerkhôf tusken Oosterhesselen en Wachtum[1]
- op it Holtingerfjild by Uffelte
- op de Boshoverheide[2]
- Heuvel 7 fan de Zevenbergen ûnder Oss
- oan de Diedenweg[3] yn Wageningen
- by Stegeren, Hoogengraven (de fjildnamme fan it terrein is Calsum.) [4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|