Sleen (Nedersaksysk: Slien) is in doarp en wie in eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Drinte. It doarp wie oant 1998 it haadplak fan de eardere gemeente Sleen en waard yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling fan 1998 by de gemeente Coevorden foege.

Sleen
Map - NL - Coevorden - Wijk 40 Sleen - Buurt 40 Sleen.svg
Flagge Wapen
Sleen vlag.svg Sleen wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 2.185 (2020)
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Flag of Drenthe.svg Drinte
Gemeente Flag of Coevorden.svg Coevorden
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52°46′ NB 6°48′ EL
Webside www.sleen.nu

Sleen leit oan twa lange-ôfstân-kuierpaden it Piterpaad en it Drintepaad en grinzget oan it natuergebiet Sleenerzand fan likernôch 1600 bunder.

SkiednisBewurkje

De âldste spoaren fan bewenning komme fan sa'n 4500 jier ferlyn. Ut dy tiid komme de hunebêden fan de omkriten. Letter wie Sleen it haadplak fan de dingspel Sudenfjild. Dat dingspel wie in rjochtgebiet dat bestie út de kerspels Sleen, Emmen, Odoorn, Zweeloo, Oosterhesselen, Dalen, Schoonebeek en Roswinkel. Yn 1518 waard Sleen in eigen skoutamt en yn 1819 in eigen gemeente. De gemeente waard op 1 jannewaris 1998 by de Coevorden foege.

De Fries Gerlof Bontekoe wie fan 1927 oant 1938 boargemaster fan Sleen.

De Belgyske striptekener Marc Sleen is eareboarger fan Sleen.

DoarpstsjerkeBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Doarpstsjerke (Sleen).

Sleen hat in grutte tsjerke mei trije beuken. De tsjerke stiet oan de âlde wei fan Grins nei Coevorden. It goatyske koer ûntstie nei alle gedachten al yn de fjirtjinde iuw. De tsjerketoer is mei 68 meter hichte de heechste tsjerketoer fan Drinte. Nei't de spits yn 1867 ôfbaarnd wie, krige de toer in lantearnebekroaning, dy't yn 1923 troch de hjoeddeiske nullespits ferfongen waard. Yn 1883 waard de tsjerke folslein restaurearre.

Eardere gemeentehûsBewurkje

It gebou dat oant 1998 it gemeentehûs fan Sleen wie, wurdt no brûkt as multyfunksjoneel sintrum. De trouseal fan it ryksmonumint is noch wol yn gebrûk.

Berne yn SleenBewurkje

GaleryBewurkje

Keppeling om utensBewurkje