De Hoop (Sleen)
De Hoop is in nôtmûne yn it Drintske Sleen yn 'e gemeente Coevorden.
De Hoop | ||
![]() | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Drostenstraat 16 | |
koördinaten | 52°46' N 6°48' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 24,56 m | |
boujier | 1914 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 33787 [1] | |
Webside | ||
Side fan mûne De Hoop | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûne waard yn 1915 boud troch mûnebouwer Reinds út Beilen en folge in achtkante boppekruier sûnder stelling op. Dy foargonger wie yn 1850 boud en stie doe oan 'e râne fan 'e heide, maar baarnde yn 1914 ôf.
De hjoeddeiske nôtmûne stie earder op 'e hoeke fan 'e Daltonstraat/Leusderweg yn Amersfoart en wie dêr bekend as mûne "De Gunst". Fanwegen de smei-izeren as en oare dielen is oan te nimmen dat de mûne earder noch as yndustrymûne yn Noard-Hollân stien hat. Yn 1915 ferhûze de mûne nei Sleen en krige dêr de namme "De Hoop".
Oant likernôch 1960 bleau de mûne oan it wurk, mar dêrnei rekke er yn ferfal. Healwei de jierren 1970 fûn der in grutte restauraasje plak. Nei de restauraasje waard de mûne brûkt as pakhûs.
Yn 2010 hat de gemeente Coevorden de mûne oernommen. De Sleener mûnestifting "De Hoop" waard yn 2012 oprjochte en hat as doel om de mûne safolle mooglik te brûken.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe mûne is in achtkante boppekruier mei stelling en in mitselde ûnderbou. Kape en achtkant binne mei reid dutsen. De roeden binne fan metaal en hawwe âldhôllanske wjukken en in flecht fan 24 meter.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Mûnedatabase
- (ned) Fer. De Hollânske Mûne
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|