Doarpstsjerke (Sleen)

De Doarpstsjerke fan Sleen is in grutte trijeskippige PKN-tsjerke oan de âlde wei fan Grins nei Coevorden. It goatysk koer ûnstie nei alle gedachten tsjin it ein fan de 14e iuw. Mei 68 meter is de toer de heechtse tsjerketoer fan Drinte.

Doarpstsjerke

Dorpskerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Sleen
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33787 [1]
offisjele webside
Side PKN Sleen
 
Romaansk doopfont

It earste tsjerkegebou op it plak wie nei alle gedachten in houten tsjerke, dy't om 1100 hinne ferfongen waard troch in stiennen sealtsjerke. Mooglik waard it trijesidige koer, it âldste diel fan de tsjerke, oan dy sealtsjerke boud. It skip datearret fan 1350-1450. De trijeskippige halletsjerke dy't doe ûnstie is de iennige fan dat tiidrek yn Drente en tsjûget fan de posysje fan Sleen as haadplak fan it dingspil Sudenfjild. It koer waard om 1500 hinne ferhege.

Nei't yn 1867 de spits fan de toer ôfbaarnde, krige de toer in lantearne as bekroaning. Yn 1923 waard dy troch de hjoeddeiske achtsidige spits ferfongen.

Yn 1880 stoartte it dak foar in part yn. By de folgjende restauraasje ûnder lieding fan C.H. Peters ûnder advys fan P.J.H. Cuypers krige de tsjerke in neogoatysk oansjen. Tusken 1962 en 1966 folge in twadde restauraasje, wêrby't in konsistoarje tafoege waard.

Om't it ûnderhâld fan it monumint te heech waard foar de tsjerklike gemeente, is der in stifting oprjochte om de gemeente te helpen by it yn stân hâlden fan it foar it doarp tige karaktistike gebou. De Stichting Behoud Monumentale Kerk makke yn 2019-2020 in renovaasje fan sawol it gebou as it oargel mooglik.[2]

De tsjerke hat in stiennen krúsribferwulft. Yn it koer wurdt de tsjerke fan in netferwulft oerkape. Yn it koer fan de tsjerke binne noch âlde grêfsarken. Ek binne dêr noch in rige nissen út de roomske tiid. Yn 2001 krige it koer in brânskildere raam fan de Letske gleskers Aigars Rozins en Viesturs Berzin mei as tema: "De Heare is wierlik opstien".

De renêssânse kânsel datearret fan 1668. It romaanske doopfont is fan Bentheimer sânstien en datearret fan de 13e iuw.

It oargel waard yn 1846 troch Johannes Vollebrecht boud en kaam pas yn 1948 nei de Doarpstsjerke fan Sleen. It waard oarspronklik boud foar de kleastertsjerke fan de paters Krúshearen yn Sint-Agatha by Cuijk. Fiifentweintich jier letter ferhûze it oargel nei in kapel yn Uden en waard it útwreide mei in twadde manuaal. Yn 1905 waard it oargel oanskaft troch de grifformearde tsjerke fan Driebergen, dêr't it bleau oant de herfoarme gemeente fan Sleen it oargel oernaam.

Yn it ramt fan de restauraasje fan de tsjerke yn 1961-1963 krige it oargel in lytser, frijhingjend oargelbalkon mei fundaasje yn de toermuorre.

Alle dielen fan it oargel, ek de oargelkas, datearje út 1846 of letter. De bylden fan kening David en twa ingels binne fan Belgyske makkelei, de oargelkas fan Johannes Vollebrecht sels.

         
Kânsel Ynterieur Koer Oargel Oargelbyld David


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: