Bram Dijkstra
Bram Dijkstra (5 july 1938) is in Amerikaansk rêstend heechlearaar Ingelske taal- en letterkunde, literatuerkritikus en publisist fan etnysk Frysk komôf.
Bram Dijkstra | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Abraham Dijkstra | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 5 july 1938 | |
berteplak | ? (Feriene Steaten) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | anglikus | |
aktyf as | heechlearaar, kritikus, publisist | |
jierren aktyf | 1965 – no | |
reden bekendheid |
syn djipdollende publikaasjes | |
bekendste wurk(en) |
Idols of Perversity Evil Sisters |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeDijkstra waard yn 1966 oansteld as lid fan 'e fakulteit Ingelske taal- en letterkunde fan 'e Universiteit fan Kalifornje, San Diego. Dêr joech er les oant er yn 2000 mei pinsjoen gie as emeritus-heechlearaar. Hy hat sân non-fiksjeboeken oer letterkundige ûnderwerpen skreaun, en is op dat mêd nei alle gedachten it bekendst troch twa wurken dy't de akademyske wrâld ûntglûpt binne nei de Amerikaanske popkultuer: Idols of Perversity en it ferfolch dêrop, Evil Sisters. Yn dy beide boeken beskriuwt er hoe't fampiers yn literatuer en film as metafoar brûkt binne foar it útlânske, it besmoargjende, wêrby't er in link leit nei de joadeferfolging ûnder it nasjonaal-sosjalisme, en behannelet er de fatale frou en oare krektlyk bedriigjende bylden fan froulike seksualiteit út in grut tal literêre en oare keunstwurken. Fierders is Dijkstra ek aktyf as gearstaller fan tentoanstellings foar museä yn San Diego, en skriuwt er essay's by de katalogussen fan sokke tentoanstellings. Hy is troud mei de literêr agint Sandra Dijkstra.
Wurk
bewurkje seksje- 1965 – Faces in Skin: Poems and Drawings
- 1970 – Hieroglyphics of a New Speech: Cubism, Stieglitz and the Early Poetry of William Carlos Williams
- 1986 – Idols of Perversity: Fantasies of Feminine Evil in Fin-de-siècle Culture
- 1996 – Evil Sisters: The Threat of Female Sexuality and the Cult of Manhood
- 1998 – Georgia O'Keeffe and the Eros of Place
- 2003 – American Expressionism: Art and Social Change 1920–1950
- 2010 – Naked: The Nude in America
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |