Brandsma Kofje
Brandsma Kofje (Nederlânsk en offisjeel: Brandsma Koffie) is in bedriuw yn 'e Fryske stêd Boalsert, dat yn 1893 oprjochte waard as kofjebrânerij. It is in famyljebedriuw, dat (anno 2018) yn it besit is fan 'e fjirde generaasje Brandsma's. Behalven yn kofje docht Brandsma Kofje ek al hast fan it begjin ôf oan yn tee. Sûnt de lêste desennia fan 'e tweintichste iuw is dêr bykommen de ferkeap fan en service foar kofjesetapparatuer foar horeka en oare grutferbrûkers. Ta de klanten fan it bedriuw hearre in protte hotels en grand cafés, en ek in soad korporaasjes, dy't de apparatuer oanskaffe foar yn 'e kantine.
Brandsma Kofje Brandsma Koffie | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | kofje / tee | |
haadkertier | Boalsert (Fryslân) | |
oprjochte | 1893 | |
eigner | fam. Brandsma | |
offisjele webside | ||
www.brandsmakoffie.nl |
Yn 2018 fierde it bedriuw syn 125-jierrich bestean mei it Koffie en Thee Event (KTE), in feest foar fynpriuwers, dat op 9 oktober holden waard yn Thialf op It Hearrenfean. Dêroan ferlienden û.o. harren meiwurking: Lex Wenneker, dy't op it wrâldkampioenskip foar barista's yn 2018 de sulverne medalje behelle; Jasper Houtman, einredakteur fan it Financieel Dagblad; en Suzanne Schulting, de Olympysk kampioene 1000 m shorttrack 2018.
Yn Noard-Nederlân wurket Brandsma al sûnt likernôch 1980 gear mei Pelican Rouge. Brandsma hat in dochterûndernimming mei de namme TopBrewer, dy't behelle is yn 'e ymport fan kofje en tee yn Nederlân. TopBrewer iepene yn 2018 oan 'e Súdas yn Amsterdam in fêstiging dy't hannelet yn stilearre kofjesetapparatuer dy't folslein opgiet yn it ynterieur. Yn it jubileumjier lansearre Brandsma ek in nij kofjemerk: 'IJzersterk', in stadich brânde kofje út in lytse ambachtlike brânerij. Yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 brocht Brandsma ek in spesjaal soarte kofje op 'e merk: 'Us Kofje', mei as (Frysktalige) slogan "Sa rûch as tou". De smaak fan dy kofje soe basearre wêze op it karakter fan 'e Westerlauwerske Friezen: "in bytsje eigensinnich, mar o sa poer en tagonklik."
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|