Branwell Brontë
Patrick Branwell Brontë (26 juny 1817 – 24 septimber 1848) wie in Ingelsk skilder en dichter, iennige soan yn de Brontëhúshâlding, en de broer fan de skriuwsters Charlotte, Emily en Anne.
Jonkheid
bewurkje seksjeBranwell Brontë wie de fjirde fan seis bern en iennichst soan fan Patrick Brontë en Maria Branwell Brontë. Hy waard berne yn Thornton (West Yorkshire), ûnder Bradford, Yorkshire, en ferhûze mei de húshâlding nei Haworth dêr't syn heit dûmny waard yn 1821.
Fan de fjouwer bern dy't folwoeksen waarden, soe Branwell Brontë it measte talint hân hawwe, teminsten yn syn berne- en jeugdjierren. Wyls fjouwer fan syn fiif susters nei kostskoalle stjoerd waarden yn Cowan Bridge (dêr't de twa âldsten, Maria en Elizabeth tuberkuloaze skipen en ferstoaren), krige Branwell ûnderrjocht fan syn heit, dy't him klearsteamde foar talitting yn Oxford of Cambridge.
Brontë en syn susters skreaunen meiinoar oan optochte wrâlden yn harren jeugd en adolesinsje. Mei Charlotte wurke it meast er oan har fantasywrâld "Angria".
Folwoeksen
bewurkje seksjeBranwell Brontë krige les fan in portretskilder yn Haworth, en wie portretskilder yn Bradford (1838 en 1839). Syn meast ferneamde portret is dat fan syn susters: it liket derop dat er himsels letter oerskildere hat, mar der wurdt ek ferhelle dat syn heit dat dien hat mei terpentine nei in rûzje.
Yn 1840 waard Brontë learaar yn in húshâlding mei jonge jonges yn Broughton-in-Furness, mar yn seis moannen krige er dien. Yn dy snuorje sette er ek wurk fan Horatius oer. Doe krige er wurk op it stasjon fan Luddendenfoot (1841), mar waard 1842 ûntslein omdat se him fan stellerij fertochten, mar fral ek om't er net foldie. Yn dy tiid hie er literêre ambysjes en publisearre er gedichten ûnder mear as ien pseudonym.
Yn 1843 waard Brontë op 'en nij priveelearaar, no yn Thorp Green, fan it soantsje fan dûmny Edmund Robinson. Hy krige dat wurk fia syn suster Anne, dy't gûvernante fan Robinsons' twa âldere dochters wie. Yn dy tiid skriuwt er mei âlde freonen oer syn ferealens op Robinson's wiif Lydia, dochter fan dûmny Thomas Gisborne. Hy waard ûntslein yn 1845 út ûndúdlike redenen. Der wurdt wol tocht, nei't er sels oan famylje sein hat, fanwege it swijen fan de Robinsons oer de reden fan ûntslach en it jild dat him fia Robinson syn personiel tastutsen waard, dat er in ferhâlding mei frou Robinson hân hat en dat dat útkaam is.
Brontë gie doe werom nei de pastory yn Haworth, mar wie ferslein troch de ôfwêzigens fan frou Robinson en de ûnwierskynlikens dat sy inoar wer moetsje soenen. Branwell flechte yn de alkohol. Hy waard alkoholist en brûkte fermoedlik ek laudanum (opium).[1] Syn hâlden en dragen waard irrasjoneel en betiden gefaarlik doe't er delirium tremens ûntwikkele. Ut Charlotte har brieven docht bliken dat sy har lulk makke oer syn gedrach, mat dat har heit in soad geduld mei syn brutsen soan hie. Yn dy snuorje waarden ek de earste romans fan syn susters útbrocht; at er dat noch witten hat is net bekend. Troch Brontë syn ferslavings hie nimmen troch dat er slim fan tuberkuloaze te lijen hie, oant er yn elkoar sakke foar hûs en dokter helle waard. In skoftke letter stoar er.
Emily Brontë stoar ek oan tuberkuloaze yn desimber itselde jier en de maaie dêrnei stoar Anne Brontë.
Galery
bewurkje seksje-
Branwell Brontë skildere himsels oer op dit skilderij mei syn susters
-
Portret fan Emily fan Branwell
-
Karikatuer fan en troch Branwell (1847), wachtsjend op de dea.
Fierder lêze
bewurkje seksje- Branwell Brontë: a biography troch Winifred Gérin (Toronto/NY: T. Nelson & Sons, 1961, Hutchinson 1972)
- The Infernal World of Branwell Brontë troch Daphne du Maurier (Victor Gollancz 1960, Penguin Books 1972)
- The Poems of Patrick Branwell Brontë, ed. troch Tom Winnifrith (Oxford: Blackwell Ltd, 1983)
- The Life of Patrick Branwell Brontë troch Tom Winnifrith
- The Brontës and their Background troch Tom Winnifrith (1973 Macmillan, 1988 Palgrave Macmillan)
- The Brontës troch Juliet Barker (Londen, Weidenfeld and Nicolson, 1994)
- A Brontë Family Chronology fan Edward Chitham (2003 Palgrave Macmillan)
- Branwell, A Novel of the Brontë Brother (ISBN 1-933368-00-4), fan Douglas A. Martin
- A Chainless Soul, in biografy fan Emily Brontë, troch Katherine Frank
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|