Breguet 14
Breguet 14 | |
---|---|
Rol | bommesmiter en ferkenningsfleanmasine |
Makker | Breguet Aviation |
Untwerper | Marcel Vuillierme |
Earste flecht | 21 novimber 1916 |
Yn tsjinst | 1917 |
Ut tsjinst | 1930 (Frankryk) 1937 (Tailân) |
Tal makke | Om de 7.800 (1916-1928) |
Grutste brûkers | Aéronautique Militaire, US Army Air Service, Poalske Lpoftmacht, Keninklike Taiske loftmacht |
Farianten | Sjoch tekst |
De Breguet 14 wie in Frânske twadekker bommesmiter en ferkenningsfleanmasine yn de Earste Wrâldkriich. Der waarden in bulte fan boud en troch tal fan lannen brûkt, ek nei de kriich gie de produksje noch jierren troch. It wie it earste fleantúch mei in protte metalen ûnderdielen yn it plak fan hout. Sa koe it frame lichter bliuwe as in houten frame fan deselde sterkte mei fan gefolgen dat it tastel hurd koe neffens syn grutte en ek flugger wie as de measte jagers út dy tiid. Teffens koe it tastel aardich skea ferneare en wie it maklik te fleanen. De Breguet 14 wurdt faak beskôge as ien fan de bêste fleanmasines fan de oarloch.
It tastel waard ûntwurpen troch Louis Breguet, dy't ek it earste prototype (Breguet AV Type XIV) op syn earste flecht op 21 novimber 1916 bestjoerde
Operasjonele skiednis
bewurkje seksjeMeidat it tastel de Frânsken sa goed foldie waard it type ek besteld troch it Belgyske leger (40 tastellen) en de loftfeart ôfdieling fan it Amerikaanske leger (goed 600 aircraft). Tsjin de ein fan Wrâldkriich I wiene sa'n 5.500 Breguet 14s produsearre.
Ek nei de kriich waard it type in soad brûkt, sa as troch de Frânske besettingsmacht yn Dútslân en yn de Frânske troepen yn de koloanjes. Der waard in spesjele ferzje makke foar drege omstannichheden yn it bûtenlân, mei de oantsjutting 14 TOE (Théatres des Operations Extérieures). Dy ferzje waard brûkt by it delbêdzjen fan de rebûlje yn Syrje en Marokko, yn Fietnam en by Frankryk har yntervinsje yn de Russyske boargerkriich. De lêste trenerferzjes tsjinnen oant 1932 yn it Frânske leger.
Oare loftmachten dy't it type brûkten wienen Brazylje (30), Sina (70), Tsjechoslowakije (10), Denemark, Finlân (38), Grikelân, Japan, Tailân, Urûguay (9) and Spanje. De Poalske loftmach hie 158 Breguet 14's, sa'n 70 dêrfan waarden brûkt yn de Poalsk-Russyske Oarloch. In Japan waard de Breguet 14 yn lisinsje makke troch Nakajima.
Nei de kriich wie Breguet ek úteinset mei it meitsjen fan boargerferzjes. De 14 T.2 Salon koe twa passazjiers meinimme. In ferbettere ferzje dêrfan wie de 14 Tbis dy't as lânfleanmasine en wetterfleanmasine makke waard.[1] De 14 Tbis wie ek de basis fan de ferbettere 14 Tbis Sanitaire loftambulânse ferzje en 100 postfleanmasines, op maat makke foar Pierre Latécoère syn oankommende loftline, Lignes Aeriennes Latécoère. De loftline brûkte ûnder oaren 106 Breguet 14s foar flechten oer de Sahara. De iennige 18 T wie in 14 T mei in Renault Ja motor en útrisd foar fjouwer passazjiers. Doe't 1928 de produksje úteinlik ophold wienen der fan alle ferzjes mei-elkoar 7.800 boud (neffens oare boarnen 8,000 as sels 8.370).
Technyske feiten Breguet 14 A2
bewurkje seksjeFeiten | |
---|---|
Lingte: | 8,87 m |
Spanwiidte: | 14,36 m boppe 12,40 m ûnder |
Hichte: | 3,30 m |
Fleugeloerflak: | 47,50 m² |
Gewicht leech: | 1.030 kg |
Startgewicht maks.: | 1.565 kg |
Oandriuwing: | ien wetterkuolle linemotor Renault 12Fe, 300 hk startfermogen |
Topfaasje: | 184 km/o |
Tsjinstplafond: | 6.000 m |
Fleantiid: | 3 oeren |
Bewapening: | 3 MG 7,7 mm, 40 kg bommen (4 x 10 kg) |
Bemanning: | 2 man |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|