Briedponton Lauwerseach
It Briedponton Sternstee is in eardere skûte út 1930 yn de haven fan Lauwerseach, dy't hjoeddedei tsjinst docht as in feilich eilântsje foar fûgels. Der binne maatregels nommen om tefoarren te kommen dat ratten en foksen by de nêsten komme en de boat is feroare yn in grintstrantsje mei buizen as skûlplakjes foar de jonge fûgels.
It ponton is in inisjatyf yn it ramt fan in tal maatregels om de natoer yn de haven te fuortsterkjen en is in gearwurkingsprojekt fan de haven, de Waadferiening, Rykswettersteat, Fûgelbeskerming Nederlân en NG Shipyards.[1][2]
Sternstee besiket de bûtendykske pôlen te ferfangen, dy't der hast net mear binne en jout foar benammen stirnzen en strânljippen in gelegenheid te brieden. Fan it ponton waard fuort in soad gebrûk nommen troch de wytstirns, al nei in pear wike waarden 36 nêsten fan it fûgeltsje teld.[3]
Briedpontons lizze ek op oare plakken, lykas yn de Iemshaven en de Balchsânpolder yn Noard-Hollân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |