Brolgakraanfûgel
De brolgakraanfûgel, brolgakraan of koartwei brolga (Antigone rubicunda), ek wol Australyske kraanfûgel neamd, is in fûgel út de famylje fan de kraanfûgels. De fûgel waard yn 1810 foar it earst wittenskiplik beskreaun en waard doe yn it skaai fan de reagers set. Dat is letter feroare. De fûgel hie fanôf 1865 de namme "Australyske Kraan". Yn 1926 is de namme troch de Royal Australasian Ornithologists Union feroare yn "brolga". Dizze namme is in ferbastering fan burralga, de namme fan 'e fûgel yn it Gamilaraay, ien fan 'e talen fan 'e Aboriginals.
brolgakraanfûgel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Antigone rubicunda | ||||||||||||
Perry, 1810 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Foarkommen
bewurkje seksjeDe brolgakraanfûgel wurdt sa'n 125 sm grut. Syn fearren is binne griiseftich. Syn wjukken hawwe in spanwiidte fan 1,7-2,4 meter. Op har kop hawwe de folwoeksen fûgels fan de brolgakraanfûgel in opfallende brede reade bân. De fûgels wage tusken de 6 en 7 kilogram. De brolgakraanfûgel kin maklik betiisd wurde mei de nau besibbe saruskraanfûgel dy't ek wol yn Austraalje foarkomt. By de saruskraanfûgel is lykwols de hiele hals read.
Fersprieding
bewurkje seksjeBrolgakraanfûgels komme yn grutte tallen foar yn Noard- en Noard-east Austraalje, foaral it noard-easten fan Queenslân, en komme ek mear nei it suden foar oant Fiktoaria ta. Se komme ek foar yn it suden fan Nij-Guineä en inkelde eksimplearren op Nij-Seelân. It binne gjin trekfûgels mar ôfhinklik fan it rein-seizoen wolle se wol is nei in oar gebiet lúke.
Iten
bewurkje seksjeBrolgakraanfûgels ite meast sompe- en wetterplanten en ek ynsekten en oare lytse dieren sa as kikkerts.
Fuortplanting
bewurkje seksjeLykas de oare Kraanfûgels hat de brolgakraanfûgel in opfallende balts. It nêst wurdt troch beide âlden makke fan plantemateriaal lykas gers op in lytse ferheging yn de sompen. It wyfke leit meastentiids twa aaien dy't troch beide âlden útbret wurde. De jonge fûgels kinne it nêst fuortendaliks ferlitte en bliuwe noch op syn minst 11 moannen by de âlden foardat se harren sels rêde kinne.