Brune fjoerflinter
Brune fjoerflinter | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||
taksonomy | ||||||
| ||||||
soarte | ||||||
Lycaena tityrus |
De Brune Fjoerflinter (Lycaena tityrus) is in soarte yn it skaai Lycaena.
FoarkommenBewurkje
De Brune Fjoerflinter hâldt fan greiden, feanheide en bermen. De soarte is stadichoan oan it ferdwinen yn it westen en it suden fan Nederlân. De flinters binne allinnich noch te finen op de Feluwe en yn it noardeasten fan Grinslân. It is in honkfêste soarte.
Op de reade list stiet de Brune Fjoerflinter as kwetsber.
FlinterBewurkje
De wjuklingte is ûngefear 14 mm. De ûnderkant fan de efterwjuk is gielbrún. Op de foar- en efterwjuk sitte oranje plakken.
FleantiidBewurkje
Fan begjin maaie ôf is de flinter te sjen, oant likernôch ein juny. De twadde generaasje is te sjen fan begjin july oant begjin septimber, foaral tusken 25 july oant 20 augustus.
RûpBewurkje
De rûp is in healwaaks rûp. Hy oerwinteret op de grûn tusken de blêden. De groei fan de rûp is fan 'e maaitiid oant de hjerst.
De rûp fret fan surkesoarten lykas Soere surk en Lytse surk.
ÔfbyldingsBewurkje
Sjoch ekBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
- Wikisoarten-side - Brune fjoerflinter (Lycaena tityrus).