De Bumastins of Buwama steenhuys stie ûnder Aldwâld yn de gemeente Kollumerlân, east fan de dyk yn Wygeast, noard fan de Swartewei tusken Eysmastins en Allemastate. Fan de stins is neat werom te finen.

It boujier is net bekend, mar tusken Eysma en Allema wurdt troch Schotanus yn 1718 as ferdwûn hûs Buma oanjûn op it kadastrale perseel Westergeast C148-150. Buwama steenhuys yn Aldwâld wurdt yn in oarkonde út 1485 fermelde as westlik lizzend fan trije pûnsmiet yn Aldwâld dy't tegearre mei ien mêd greidlân op de Lange Hameren troch Ymke Reinkema oan it konvint fan Feankleaster skonken waard. Neffens Andreae hearde it stienhûs oan de Westergeaster famylje Fan Buma en mei it "met seekere hornleger en hieminge" (SC16) identifisearre wurde. Yn 1640 wie dit eigendom fan Hessel fan Sminia dy't troud wie mei Fock fan Buma. Letter kaam dit stik lân by it neistlizzende Allemastate. De namme Bumahiem wie yn 1885 noch bekend.

  • famylje Buma
  • Hessel fan Sminia (sa. 1640)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jan Leemburg op http://stinseninfriesland.nl/
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • mr. A.J. Andreae, Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885
  • Website fan Hisgis