Burg Metternich
De Burg Metternich is in ruïne fan in hichteboarch by de Ortsgemeinde Beilstein yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
Burg Metternich | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Cochem-Zell | |
plak | Beilstein | |
koördinaten | 50° 06' N 7° 14' E | |
Skiednis | ||
stiftingsjier | 14e iuw | |
hjoeddeiske steat | ruïne | |
Oars | ||
type | hichteboarch | |
tagonklikens | iepen foar publyk | |
Webside | ||
burgmetternich.de | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe boarch waard yn 1268 foar it earst yn in oarkonde neamd as 'boarch, dy't Beilstein neamd wurdt'. De boarch wie yn it besit fan Johann von Braunshorn, dy't de boarch yn lien hie fan it aartsbisdom Keulen. Neffens âldere fermoedens wie de boarch al fier foar dy tiid stifte, mar neffens ûndersyk fan Alexander Thon en Stefan Ulrich waard de boarch net earder as healwei de 13e iuw stifte, dus mar in pear desinnia foardat de boarch foar it earst neamd waard.
Nei't de famylje Von Braunshorn yn 1361 mei de dea fan Gerlach sûnder manlik neiteam útstoar, kaam de boarch yn 1363 yn hannen fan syn pakesizzers Kuno en Gerlach von Winneburg.
De boarch waard yn de Tritichjierrige Kriich troch Sweedske en Spaanske troepen beset, mar bleau fierder yntakt. Nei it útstjerren fan it skaai Von Winneburg yn 1637 gyng it eigendom oer op de hearen Von Metternich, dêr't de boarch de hjoeddeiske namme fan hat. Yn it jier 1689 waard de boarch troch de Frânske troepen fernield en net wer opboud.
De lêste eigner fan it skaai Metternich wie oant de besetting fan it Rynlân troch de Frânsen yn it jier 1794 foarst Von Metternich. De ruïne wiksele neitiid ferskillende kearen fan besitter en is tsjintwurich noch jimmeroan yn partikulier besit.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur op dizze side.
|