C. Kan Hal

(Trochferwiisd fan C. Kan hal)

De C. Kan Hal is in eardere sporthal yn de stêd Snits en wie ûnderdiel fan Sportpark Noarderhoek.

Yn 1970 wie yn Snits ferlet fan in twadde sporthal, neist de al besteande Snitser Sporthal. Twa jier lang waard oan de hal boud, osnt dy yn 1973 iepene waard. [1] De hal waard ferneamd nei Cornelis Kan. De sporthal, oan de Christiaan Schotanusstrjitte, waard brûkt troch meardere skoallen en ferienings. Under oare VC Sneek en KV de Waterpoort wienen geregelde brûkers.

Sportive histoarje

bewurkje seksje

NK Maraton 1978

bewurkje seksje

De C. Kan hal wie it toaniel fan it NK Maraton op 10 juny 1978, dat organisearre waard troch AV Horror.[2] Roelof Veld ferbruts hjir it langsteande Nederlânsk rekord ta 2.14.02.[3] Mear as twahûndert rinners stienen om healwei fjouweren klear. De organisaasje fan Horror hie ferskate topatleten oerhelle mei te dwaan. Op de blessearre Henk Kalf en Gerard Mentink nei wie de hiele Nederlânske top nei it noarden fan it lân reizge. Yn Snits waardenn, njonken it Neeerlânsk Rekôr, toptiden delset. Letter kaam de maraton yn opspraak, om't it parkoers mooglik te koart west hawwe soe.[4]

Topkompetysjes

bewurkje seksje

Yn de C. Kan hal binne yn de tachtiger jierren ferskate grutte earedifyzje-folleybalwedstriden spile. De hal wie de thúshaven fan folleybalklups Animo en Olympus, mei ûnder oare âld-ynternasjonal Olaf van der Meulen yn de gelederen.

Njonken folleybal waard ek op heech nivo kuorbal spile yn de C. Kan hal. KV De Lege Geaen spile har haadklasse wedstriden yn dizze hal.[5]

Oare kampioenskippen en -eveneminten

bewurkje seksje

Yn 2004 waard it NNK Tang Soo Do yn de hal holden. [6] It Sportgala wie op 18 maart 2004 yn de C. Kan hal.[7] Op 26 maaie 2010 wie it parkearterrein fan de hal foar it lêst it toaniel fan in sportevenemint, te witten it KNVB Strjitfuotbaltoernoai.[8]

Sluting en sloop

bewurkje seksje

By gelegenheid fan it sluten fan de hal waard in wedstriid spile tusken âld-Animo en âld-Olympus. Beide ferienings binne byinoar gien yn VC Sneek.[9]

De sporthal is yn 2007 sloopt, nei it sluten fan Sportpark Noorderhoek, om romte te meitsjen foar wentebou. Oant de dei fan hjoed is dêr noch net mei útein set, it terrein leit no braak. Sportsintrum Schuttersveld, mei de Schuttersveldhal, is yn 2006 iepene as ferfanging fan de C. Kan hal en omlizzende sportfjilden.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  1. http://archiefnet-friesland.pictura-dp.nl/index.php?option=com_archiefnet_archieven&task=indexes&id=4440
  2. http://www.anskesmit.com/2007_01_21_archive.html
  3. http://www.youtube.com/watch?v=3MZBp7IkeIA
  4. http://runningnu.wordpress.com/2009/11/04/10-juni-1978-de-marathon-van-sneek/
  5. http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=25452
  6. http://www.worldtangsoodo.eu/index%20nederland/archieven/archief%202004/ONNK-2004.html
  7. http://bigband.bogerman.nl/optredens/optredens0304.html
  8. http://www.nieuwsbank.nl/inp/2010/05/26/R033.htm
  9. http://www.volleyportal.nl/index.php?name=News&file=article&sid=2780
  10. http://www.sneekernieuwsblad.nl/blog/article227643.ece/sneek_rinke_van_der_meulen_overleden