Sportgala
It Sportgala is sûnt 1951 in jierliks evenemint yn Nederlân, bekend yn de sportwrâld.
Sportgala | ||
![]() | ||
Hennie Kuiper, Sportman fan it jier 1977, mei de Jaap Eden. | ||
plak en tiid | ||
lân | ![]() | |
tiid fan it jier | Desimbermoanne | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | Ferkiezing | |
sjenre | Sport | |
bestean | Fan 1951 ôf | |
oprjochter | AVRO, Tom Schreurs | |
org. troch | AVRO (1951-1996) |
De ferkiezing wie in inisjatyf fan de AVRO, yn de persoan fan sportsjoernalist Tom Schreurs. De winner waard yn it earstoan bepaald yn in ferkiezing troch sportsjoernalisten. Yn de earste jierren waard dy ûnderskaat mei de Tom Schreurs-herinneringsbeker. Sûnt 1972 ûntfangt de winner in brûnzen byldsje fan de hân fan Jits Bakker: de Jaap Eden, neamt nei de Nederlânske sporter Jaap Eden. Fan 1997 ôf wurdt de ferkiezing organisearre troch de NOS[1]. Sportsjoernalisten nominearje in tal kandidaten en dêrút wurdt in winner keazen troch Nederlânske topsporters.
Fan 1951 oant 1958 wie der noch gjin ûnderskied tusken Sportman en Sportfrou fan it jier. Mar sûnt 1959 wurdt dit ûnderskied al makke om manlju en froulju likense kânsen te jaan sporter fan it jier te wurden. Yn de rin fan de jierren binne dêr noch fiif kategoryen by kaam. Dat wiene yn 1968 Sportploech fan it jier, yn 1973 talint fan it jier, yn 2002 folgen de kategoryen Paralympyske sporter fan it jier (Sporters mei in lichaamlike beheining sûnder ûnderskied tusken manlju en froulju), en Coach fan it jier. En yn 2005 waard de Fanny-Blankers-Koen-Troffee tafoege oan it sportgala, in oeuvrepriis bedoeld foar sporters mei bûtengewoane fertsjinsten foar de Nederlânske sport.
Yn 2020 wie der gjin sportgala, omdat hast alle sporteveneminten skrast wurde moasten fanwegen de koroanapandemy dy 't dat jier útbruts mei as gefolch dat de measte sporters harren sport net beoefenje koene. Dêrtroch koene de ûndersteande prizen dat jier net útrikt wurde. Yn 2021 hie it gala wol plak mar sûnder publyk.
Oersjoch winners Bewurkje
Sporter fan it jier (1951-1958) Bewurkje
Jier | Winner | Sport | Jier | Winner | Sport | |
---|---|---|---|---|---|---|
1951 | Abe Lenstra | Fuotbal | 1955 | Mary Kok | Swimmen | |
1952 | Abe Lenstra | Fuotbal | 1956 | Klaas Boot | Turnjen | |
1953 | Arie van Vliet | Hurdfytsen | 1957 | Anton Geesink | Judo | |
1954 | Geertje Wielema | Swimmen | 1958 | Gerrit Schulte | Hurdfytsen |
Sportman fan it jier Bewurkje
Sportfrou fan it jier Bewurkje
Sportploech fan it jier Bewurkje
Jier | Ploech | Sport | Jier | Ploech | Sport | |
---|---|---|---|---|---|---|
1968 | AFC Ajax | Fuotbal | 1996 | Nederlânske manlju's follybalploech | Follybal | |
1969 | AFC Ajax | Fuotbal | 1997 | Nederlânske manlju's follybalploech | Follybal | |
1970 | Feyenoord | Fuotbal | 1998 | Jacco Eltingh/Paul Haarhuis | Tennis | |
1971 | Nederlânske froulju's hockeyploech | Hockey | 1999 | Nederlânske estafetteploech manlju 4 x 100 m frije slach | Swimmen | |
1972 | AFC Ajax | Fuotbal | 2000 | Nederlânske manlju's hockeyploech | Hockey | |
1973 | Nederlânske manlju's hockeyploech | Hockey | 2001 | Nederlânske froulju's turnploech | Turnjen | |
1974 | Nederlânske manlju's fuotbalelftal | Fuotbal | 2002 | Nederlânske froulju's turnploech | Turnjen | |
1975 | IJsselmeervogels | Fuotbal | 2003 | Nederlânske estafetteploech manlju 4 x 100 m | Atletyk | |
1976 | Nederlânske manlju's wetterpoloploech | Wetterpolo | 2004 | Nederlânske estafetteploech manlju 4 x 100 m frije slach | Swimmen | |
1977 | Nederlânske ruterploech | Hynstesport | 2005 | Lobke Berkhout/Marcelien de Koning | Hurdsilen | |
1978 | Nederlânske manlju's fuotbalelftal | Fuotbal | 2006 | Nederlânske froulju's hockeyploech | Hockey | |
1979 | Nederlânske manlju's iishockeyploech | IIshockey | 2007 | Nederlânske manlju's fuotbalalvetal ûnder 21 | Fuotbal | |
1980 | TI Raleigh | Hurdfytsen | 2008 | Nederlânske froulju's wetterpoloploech | Wetterpolo | |
1981 | Willem Jan Atsma/Ted Bosman | Roeien | 2009 | Nederlânske estafetteploech froulju 4 x 100 m frije slach | ||
1982 | Tiidritploech 100 km | Hurdfytsen | 2010 | Nederlânske manlju's fuotbalelftal | Fuotbal | |
1983 | Nederlânske froulju's hockeyploech | Hockey | 2011 | Nederlânske manlju's honkbalteam | Honkbal | |
1984 | Nederlânske froulju's hockeyploech | Hockey | 2012 | Nederlânske froulju's hockeyploech | Hockey | |
1985 | Nederlânske froulju's follybalploech | Follybal | 2013 | Alexander Brouwer/Robert Meeuwsen | Strânfollybal | |
1986 | Nederlânske froulju's hockeyploech | Hockey | 2014 | Nederlânske manlju's fuotbalelftal | Fuotbal | |
1987 | AFC Ajax | Fuotbal | 2015 | Reinder Nummerdor/Christiaan Varenhorst | Strânfollybal | |
1988 | Nederlânske manlju's fuotbalelftal | Fuotbal | 2016 | Maaike Head/Ilse Paulis | Roeien | |
1989 | Nederlânske manlju's follybalploech | Follybal | 2017 | Nederlânske froulju's fuotbalelftal | Fuotbal | |
1990 | Nederlânske manlju's hockeyploech | Hockey | 2018 | Teamsprinters manlju | Baanhurdfytsen | |
1991 | Nico Rienks/Henk-Jan Zwolle | Roeien | 2019 | Nederlânske froulju's hânbalteam | Hânbal | |
1992 | Nederlânske manlju's follybalploech | Follybal | 2020 | Net útrikt | ||
1993 | Jacco Eltingh/Paul Haarhuis | Tennis | 2021 | Teamsprinters manlju | Baanhurdfytsen | |
1994 | Nederlânske manlju's hockeyploech | Hockey | 2022 | Nederlânske estafetteploech froulju 4 x 100 m | Atletyk | |
1995 | AFC Ajax | Fuotbal |
Talint fan it jier Bewurkje
Yn 1973 is úteinset mei de Tom Schreursprijs foar jonge Nederlânske sporttalinten. fan 1999 oant en mei 2009 hie de priis de namme de Junior. Yn 2010 waard dit de Young Talent Award. De priis is net alle jierren útrikt.
Paralympyske sporter fan it jier Bewurkje
Jier | Winner | Sport | Jier | Winner | Sport | Jier | Winner | Sport | ||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
2002 | Esther Vergeer | Tennis | 2009 | Monique van der Vorst | Hurdfytsen Triatlon |
2016 | Liesette Bruinsma | Swimmen | ||
2003 | Esther Vergeer | Tennis | 2010 | Esther Vergeer | Tennis | 2017 | Jetze Plat | Hurdfytsen Triatlon | ||
2004 | Kenny van Weeghel | Atletyk | 2011 | Thierry Schmitter | Hurdsilen | 2018 | Bibian Mentel | Snowboarden | ||
2005 | Esther Vergeer | Tennis | 2012 | Marlou van Rhijn | Atletyk | 2019 | Jetze Plat | Hurdfytsen Triatlon | ||
2006 | Pieter Gruijters | Atletyk | 2013 | Marlou van Rhijn | Atletyk | 2020 | Net útrikt | |||
2007 | Marion Nijhof Annette Roozen |
Swimmen Atletyk |
2014 | Bibian Mentel | Snowboarden | 2021 | Jetze Plat | Hurdfytsen Triatlon | ||
2008 | Esther Vergeer | Tennis | 2015 | Jiske Griffioen | Tennis | 2022 | Diede de Groot | Tennis |
Coach fan it jier Bewurkje
Jier | Winner | Sport | Jier | Winner | Sport | Jier | Winner | Sport | ||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
2002 | Guus Hiddink | Fuotbal | 2009 | Louis van Gaal | Fuotbal | 2016 | Vincent Wevers | Turnjen | ||
2003 | Jac Orie | Reedriden | 2010 | Bert van Marwijk | Fuotbal | 2017 | Jac Orie | Reedriden | ||
2004 | Ton Boot | Basketbal | 2011 | Brian Farley | Honkbal | 2018 | Jac Orie Raemon Sluiter |
Reedriden Tennis | ||
2005 | Guus Hiddink | Fuotbal | 2012 | Daniël Knibbeler | Turnjen | 2019 | Hugo Haak | Baanhurdfytsen | ||
2006 | Gerard Kemkers | Reedriden | 2013 | Gerard Kemkers | Reedriden | 2020 | Net útrikt | |||
2007 | Foppe de Haan Robert Eenhoorn |
Fuotbal Honkbal |
2014 | Louis van Gaal | Fuotbal | 2021 | Hugo Haak | Baanhurdfytsen | ||
2008 | Robin van Galen | Wetterpolo | 2015 | Bart Bennema | Atletyk | 2022 | Jeroen Otter | Shorttrack |
Fanny-Blankers-Koen-Troffee Bewurkje
By de earste útrikking hat de organisaasje fuortendaliks fiif eks-sporters tagelyk de priis takend. Sûnt dy tiid wurdt der hieltyd ien sporter keazen. De sjuery wurdt foarme troch de fiif sporters dy 't de ûnderskieding it lêst krigen hawwe. Nei alle jierren wurdt de âldste ferfongen troch de nijste winner. Yn 2005 bestie de sjuery út fiif eardere Chef's de misson, wêrûnder foarsitter Wim Cornelis.
Jier | Namme | Sport | Jier | Namme | Sport | Jier | Namme | Sport | ||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
2005 | Johan Cruijff Sjoukje Dijkstra Anton Geesink Nico Rienks Ard Schenk |
Fuotbal Keunstriden Judo Roeien Reedriden |
2012 | Anky van Grunsven | Hynstesport | 2018 | Marianne Timmer | Reedriden | ||
2006 | Leontien Zijlaard-van Moorsel | Hurdfytsen | 2013 | Teun de Nooijer | Hockey | 2019 | Richard Krajicek | Tennis | ||
2007 | Peter Blangé | Volleybal | 2014 | Rintje Ritsma | Reedriden | 2020 | Net útrikt | |||
2009 | Inge de Bruijn | Swimmen | 2015 | Joop Zoetemelk | Hurdfytsen | 2021 | Hennie Kuiper Bibian Mentel |
Hurdfytsen Snowboarden | ||
2010 | Pieter van den Hoogenband | Swimmen | 2016 | Esther Vergeer | Tennis | 2022 | Jan Janssen | Hurdfytsen | ||
2011 | Edwin van der Sar | Fuotbal | 2017 | Yvonne van Gennip | Reedriden |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|