Mathieu van der Poel
Mathieu van der Poel (Kapellen, Belgje 19 jannewaris 1995) is in Nederlânsk fjildrider, berchfytser en dykhurdfytser. Mathieu is in soan fan hurdfytser Adrie van der Poel en in pakesizzer fan de Frânske hurdfytser Raymond Poulidor. Mathieu syn broer David is ek fjildrider.
Mathieu van der Poel | ||
sporter | ||
Mathieu van der Poel (2022) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Mathieu van der Poel | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 19 jannewaris 1995 | |
berteplak | Kapellen | |
lingte | 1.84 m | |
gewicht | 75 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Fjildriden, Berchfytsen, Dykhurdfytsen | |
O.S. | Tokio 2020 | |
debút | 2009 | |
wichtige prestaasjes | ||
Fjildriden 5x goud Wrâldkampioenskippen 2015, 2019-2021, 2023 1x sulver Wrâldkampioenskippen 2017 1x brûns Wrâldkampioenskippen 2018 Berchfytsen 1x brûns Wrâldkampioenskippen 2018 Dykhurdfytsen 1x goud Wrâldkampioenskippen 2023 |
Biografy
bewurkje seksjeVan der Poel wie yn 2015 yn Tábor de jongste wrâldkampioen fjildriden ea, en ferovere ek yn 2019, 2020, 2021 en 2023 de reinbôgetrui. Dêrneist waard er trije kear Europeesk kampioen fjildriden, seis kear Nederlânsk kampioen fjildriden, twa kear Nederlânsk kampioen op de dyk, ien kear Europeesk kampioen berchfytsen en ien kear Nederlânsk kampioen berchfytsen.
Op de dyk wûn er klassikers as Milaan-San Remo, twa kear de Omgong fan Flaanderen, Parijs-Roubaix, de Amstel Gold Race, de Strade Bianche, twa kear Dwers troch Flaanderen en de Brabânske Pylk. Yn de Omgong fan Frankryk helle er in etappewinst en hie er seis dagen it giele liedershimd oan. Ek yn de Omgong fan Itaalje skreau er in etappe op syn namme en droech er trije dagen it rôze liedershimd.
Yn 2021 die er yn Tokio mei oan it Berchfytsen op de Olympyske Simmerspullen hy gie hjirby yn de earste omgong ûnderút op in sprong hie gie earst noch al fjirder mar moast twa omgongen letter dochs út de wedstriid stappe, ta gefolch fan dizze fal koe er in moanne letter ek net meidwaan oan it Wrâldkampioenskip berchfytsen yn Itaalje.
Yn 2023 begûn er it jier mei it Wrâldkampioenskip fjildriden dat er foar de fyfde kear wûn, yn de maitiid wûn hy Milaan-San Remo en Parys-Roubaix, mar yn de simmer behelle er it wrâldkampioenskip dykhurdfytsen as earste Nederlanner yn 38 jier tiid, hy folge hjirmei Joop Zoetemelk op, dy't it wrâldkampioenskip yn 1985 wûn.
Dielname oan grutte omgongen
bewurkje seksjeDielname oan de Omgong fan Frankryk
bewurkje seksjeDielname oan de Omgong fan Itaalje
bewurkje seksje- 2022 - 57ste; winner 1ste etappe.
Ploegen
bewurkje seksje- 2014-2016 - BKCP
- 2016-2017 - Beobank-Corendon
- 2018-2019 - Corendon-Circus
- 2020-no - Alpecin
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|