Adrie van der Poel
Adrianus Aloysius Jacobus (Adrie) van der Poel (Bergen op Soom, 17 juny 1959) is in earder Nederlânsk fjildrider, en dykhurdfytser. Adrie van der Poel is de heit fan hurdfytsers Mathieu en David van der Poel
Adrie van der Poel | ||
sporter | ||
Adrie van der Poel (2020) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Adrianus Aloysius Jacobus van der Poel | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 17 juny 1959 | |
berteplak | Bergen op Soom | |
lingte | 1.81 m | |
gewicht | 70 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Fjildriden, Dykhurdfytsen | |
O.S. | Moskou 1980 | |
debút | 198? | |
karriêre-ein | 2000 | |
wichtige prestaasjes | ||
Fjildriden 1x goud Wrâldkampioenskippen 1996 5x sulver Wrâldkampioenskippen 1985, 1988-1991 2x brûns Wrâldkampioenskippen 1992, 1999 Dykhurdfytsen 1x sulver Wrâldkampioenskippen 1983 |
Biografy
bewurkje seksjeVan der Poel hie in ymposante karriêre mei seis klassiker oerwinningen, twa etappe oerwiningen yn de Omgong fan Frankryk en it wrâldkampioenskip fjildriden yn 1996. Hy behelle boppedat yn protte eareplakken yn wichtige wedstriden, sa waard er twadde op it wrâldkampioenskip op de dyk yn 1983 en helle er fiif twadde plakken op wrâldkampioenskippen fjildriden.
Hy begûn syn karriêre op de dyk, en foel al yn syn earste seizoen by de profesjonele fytsers op mei twadde plakken yn Parys-Nice en de Waalske Pylk. Geandewei syn karriêre gie er ek fjildriden om it hiele jier yn kompetysje bliuwe te kinnen. Al gau die bliken dat er yn dy dissipline by de wrâldtop hearde en de lêste jierren fan syn karriêre hold er him suver allinne noch mei it fjildriden dwaande.
Adrie van der Poel waard yn syn karriêre twa kear op doping trappearre. Yn 1983 rûn er tsjin de lampe fanwegen strychninegebrûk. It ekskús dat er opfierde wie: "Ik heb duivenvlees gegeten, en die duivenmelkers drogeren hun beesten, dus vandaar". Yn 1984 waard er by de Omgong fan Sisylje betrape op it ferbeane middel efedrine. Dit middel wie ôfkomstich fan in hoastdrank dy't er nommen hie tsjin ferkâldheid, hy waard foar trije moannen skorst.
Yn 1986, it jier dat er de Omgong van Flaanderen wûn, waard er ûnderskieden mei de Gerrit Schulte Trofee foar de bêste Nederlânske profhurdfytser. Adrie is boaske mei in dochter fan de Frânske hurdfytser Raymond Poulidor.
Dielname oan grutte omgongen
bewurkje seksjeDielname oan de Omgong fan Frankryk
bewurkje seksje- 1982 - 102ste;
- 1983 - 37ste;
- 1984 - net finisht;
- 1985 - 51ste;
- 1986 - 110ste;
- 1987 - 105ste; winner 9e etappe.
- 1988 - 84ste; winner 16e etappe.
- 1989 - net finisht;
- 1990 - 111ste;
- 1992 - net finisht;
Dielname oan de Omgong fan Spanje
bewurkje seksje- 1991 - 71ste;
Dielname oan de Omgong fan Itaalje
bewurkje seksje- 1993 - 100ste;
Ploegen
bewurkje seksje- 1981-1982 - DAF Trucks
- 1983 - Jacky Aernoudt Meubelen-Rossin
- 1984-1986 - Kwantum Hallen
- 1987-1988 - PDM
- 1989 - Domex-Weinmann
- 1990 - Weinmann-SMM Uster
- 1991-1992 - Tulip Computers
- 1993 - Mercatone Uno-Medeghini
- 1994-1995 - Collstrop
- 1996-2000 - Rabobank
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|