Tábor
Tábor (ek: Tabor) is in stêd yn de Tsjechyske regio Súd-Bohemen. De namme fan de stêd ferwiist nei de berch Tabor yn Israel, dêr't neffens it Nije Testamint de transfiguraasje fan Kristus plakfûn hie. Yn 1420 flechten hussiten nei it hjoeddeiske Tábor en stiften dêr in militêr kamp, it lettere Tábor. Troch de skildereftige stêd rint de rivier Lužnice.
Tábor | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Tsjechje |
Kraj | Súd-Bohemen |
Sifers | |
Ynwennertal | 34.277 (2020) (2020) |
Oerflak | 62.22 km² |
Hichte | 437 m. boppe seenivo |
Oar | |
Stifting | 1420 |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | taborcz.eu |
Skiednis
bewurkje seksjeNei de dea fan Jan Hus loek in radikale groep fan de hussiten út de stêd Sezimovo Ústí him op in tichtebylizzende berch werom, dêr't de boarch Klotnov stie. Hja ferneamden it plak nei de bibelske berch Tabor yn Galiléa en stiften in mienskip neffens it foarbyld fan de earste kristenen. Dy saneamde taboriten bouden oan in egalitêre mienskip sûnder besit en brûkten harren bolwurk om tsjin de katoliken te striidzjen.
Yn 1437 krige Tábor de status fan in frije keninklike stêd mei privileezjes. Dêrmei ferlear Tábor it karakter fan in revolúsjonêr bolwurk en waard de stêd yntegrearre yn it doe besteande systeem. De stêd waard yn 1452 oernommen troch George fan Podiebrad en fanôf dy tiid krigen de mear skaplike útrakwisten fet op tsjerke en bestjoer fan de stêd. De hannelsrûte fan Linz oer České Budějovice nei Praach brocht de stêd yn de 16e iuw wolstân.
Yn de Tritichjierrige Kriich yn de tiid fan de kontrareformaasje fan Bohemen waard de stêd yn 1621 en 1648 belegere en foar in diel ferneatige. De bewenners waarden der yn dy tiid ta oanset om massaal werom te kearen nei it roomske leauwe. Sa net, dan moasten hja de stêd ferlitte. De beafeartstskerle Klokot datearret fan dy tiid en waard boud op in plak dêr't yn de tiid fan hussiten de saneamde adamiten, in sekte wêrfan't de oanhingers lykas Adam en Eva neaken omrûnen, in weinboarch hiene.
Tábor wie fanôf de 19e iuw in wichtich sintrum fan de nasjonale weroplibbing fan de Tsjechyske kultuer, taal en identiteit. Yn 1862 waard û.o. in tsjechysktalich gymnasium iepene. Earder fûn dy hegere oplieding, dy't tagong bea ta in stúdzje oan de universiteit, yn it Latyn plak. Yn syn syklus Má Vlast (Myn Heitelân) wijde de komponist Bedřich Smetana in symfoanysk gedicht oan Tábor.
Nei de Earste Wrâldkriich waard Eastenryk-Hongarije opdield en Tábor tawiisd oan de nije steat Tsjechoslowakije. Nei de besetting fan it lân troch Nazy-Dútslân yn 1939-1945 waard de dútsktalige mienskip troch de Beneš-dekreten ûnteigene en it lân útset. De measte Dútsktalige bewenners reizgen nei Opper-Eastenryk.
De stêd ferearme yn de tiid fan it kommunistyske regear en de histoaryske bebouwing rekke yn ferfal. Pas nei de Flewielen Revolúsje, de stifting fan Tsjechje yn 1993 en it iepenjen fan de grinzen ûntstie der wer ekonomyske foarútgong en de stêd profitearre sûnt fan in tanimmend tal toeristen.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- It sintrale stedsplein Zizkovo Námestí binne in grut tal monumintale boargerhûzen út de tiid fan de renêssânse omhinne.
- Op de noardwestlike hoeke fan Zizkovo Námestí stiet de neogoatyske Transfiguraasjetsjerke mei in hege klokketoer.
- Oan it plein stiet ek it 15e-iuwske stedhûs, dêr't tsjintwurdich it Hussitenmuseum yn ûnderbrocht is.
- Op it súdwestlike punt fan de histoaryske binnenstêd stiet oan de Klokotská de boarch Hrad Kotnov.
- De kleaster mei de beafeartstsjerke Marije Himelfeart yn Klokoty waard yn de jierren 1701 oant 1734 boud.
- Oan de râne fan Tábor leit it barokke slot Měšice.
-
Gevel Žižkovo náměstí 6
-
Eardere stedhûs
-
Transfiguraasjetsjerke
-
Boarch Hrad Kotnov
-
Beafeartskleaster Marije Himelfeart
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Tábor
|