Canongate Books (ek wol koartwei Canongate neamd) is in Britske útjouwerij dy't fêstige is yn 'e Skotske haadstêd Edinburch. It bedriuw is ferneamd nei The Canongate, in wyk fan Edinburch.

Canongate Books
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Edinburch (Skotlân)
oprjochte 1973
oprjochter Stephanie Wolfe Murray en
Angus Wolfe Murray
eigner Jamie Byng
dochters Pocket Canons
Payback Press
Rebel Inc.
offisjele webside
www.canongate.tv

Canongate Books waard yn 1973 oprjochte troch Stephanie Wolfe Murray en har man Angus Wolfe Murray. Oarspronklik lei de útjouwerij him benammen ta op it publisearjen fan boeken oer ûnderwerpen dy't mei Skotlân te krijen hiene, en dy waarden boppedat faak yn lytse oplagen útbrocht. Yn 1994 waarden de Wolfe Murray's lykwols útkocht troch Jamie Byng, dy't it bedriuw neitiid omfoarme ta in mear algemiene útjouwerij. Ek waarden ferskate ymprints oprjochte, ntl. Pocket Canons (dêr't û.m. bûsformaatútjeften fan 'e Bibel ûnder útbrocht waarden), Payback Press en Rebel Inc.

Oant 2011 hie Canongate fierders in mearderheidsbelang yn 'e Australyske útjouwerij Text Publishing. Canongate makket ûnderdiel út fan 'e Independent Alliance, in gearwurkingsferbân fan lytse ûnôfhinklike útjouwerijen yn Grut-Brittanje. By Canongate binne û.m. boeken útkommen fan skriuwers as Karen Armstrong (A Short History of Myth), Yann Martel (Life of Pi), Julian Assange (in ûnautorisearre autobiografy), Glen Duncan, Diana Gabaldon, en Barack Obama. Yn 2003 en nochris yn 2009 waard Canongate Books keazen ta útjouwerij fan it jier.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.