Cara Brett (yn Nottinghamshire, 17 febrewaris 1988) is in Britsk glamour- en neakenmodel fan Ingelsk komôf. Hja sette yn 2008 útein mei har karriêre.

Cara Brett
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Cara Brett
nasjonaliteit Britsk
berne 17 febrewaris 1988
berteplak yn Nottinghamshire (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
wurksum as glamourmodel, neakenmodel
jierren aktyf 2008 – no
offisjele webside
www.carabrett.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Brett waard yn 1988 berne yn it Ingelske greefskip Nottinghamshire. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, wurke se yn 'e winkel fan in muoike fan harres, dêr't se hynstegereid ferkocht. Dy baan holp har om te learen better mei minsken om te gean, mei't se as tiner tige bleu wie. Yn 2008, doe't se 18 jier wie, ferfear se nei de Britske haadstêd Londen, dêr't se no noch wennet. Se folge opliedings yn it oanbringen fan hierekstinsjes en yn fysioterapy foar hynders, en wurke op dat lêste mêd by de Danethorpe Race Yard mei hurddraafhynders.

Al rillegau nei't se har yn Londen fêstige hie, krige Brett wurk as glamourmodel oanbean, en koarte tiid letter begûn se ek neaken te posearjen. Fotoreportaazjes fan har as centerfold stiene yn tydskriften as Maxim en Playboy en yn 'e krante The Sun. Fierders posearre se û.m. foar de linzjerykatalogus fan Pabo. Ek wurke Brett mei oan 'e pornofilm Fabulous Boobs 2, út 2015, dêr't se in masturbaasjesêne foar opnaam. Nei har eigen sizzen knapt Brett ôf op idelteuterij, en is de bêste manlike eigenskip in goed gefoel foar humor.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Cara Brett is blank, mei brune eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 51 kg, en kupmaat 32FF. Dêrfoar ûndergie se op 23 novimber 2010 in boarstfergruttingsoperaasje. Njonken piercings troch har earlellen hat hja ek in nâlpiercing. Fierders hat Brett in tatoeaazje op har lofterpols.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: