Carl Wernicke
Carl Wernicke (Tarnowskie Góry, 15 maaie 1848 - Dörrberg (Ilm-Kreis), 15 juny 1905) wie in Dútsk anatoom, neurolooch en psychiater. Hy is fral ferneamd fan syn ûndersyk nei it ferbân tusken harsentrauma's en afasy.
Biografy
bewurkje seksjeWernicke waard berne yn Sileezje, dat doe nog part fan Dútslân wie, mar no diel fan Poalen is. Syn heit wie Oberbergamtsrevisor. Wernicke gie nei it Keninklik Gymnasium yn Oppeln en it Maria Magdalena-gymnasium yn Breslau oant syn eineksamen yn 1866.
Hy studearre genêskunde yn Breslau, dêr't er yn 1874 en syn doktoraaltesis publisearre. Dy tesis gie oer it ferbân tusken in beskaar part fan de lofter temporale kwab yn de harsens (hjoeddedei bekend as it sintrum fan Wernicke) en it fermogen om spraak te begripen. De tesis beskreau ek in pasjint, by wa't dit harsendiel skansearre wie, en dy't floeiend prate koe sûnder de dat de wurden eat te betsjutten hiene, meidat de pasjint sels net begriep wat er sei. Dy reseptive afasy (of afasy fan Wernicke) is it tsjinoerstelde fan in motoaryske afasy, dy't foarkomt by in skansearre sintrum fan Broca (neamd nei de Frânske arts en anatoom Paul Broca), wêrby't de pasjint spraak wol begripe kin mar sels net prate kin (ek wol: afasy fan Broca).
Wernicke bleau oan 't wurk in it universiteitssikehûs fan Breslau. Yn 1881 publisearre er it Lehrbuch der Gehirnkrankheiten, in biologysk klassifikaasjesysteem fan psychyske steurnissen. Datselde jier beskreau er in steurnis oan it sintrale senuwstelsel dy't no bekend is as it syndroom fan Wernicke. Yn 1885 waard er heechlearaar en in 1890 haad fan de ôfdielingen neurology en psychiatry fan it universiteitssikehûs. Tegearre mei Georg Ziehen rjochte er yn 1897 it tydskrift Monatschrift für Psychiatrie und Neurologie op.
Yn 1904 waard Wernicke haad fan in klinyk yn Halle. Yn 1905 stoar er oan de gefolgen fan in fytsûngemak yn Dörrberg.
Wichtichste wurken
bewurkje seksje- Der aphasische Symptomenkomplex. Eine psychologische Studie auf anatomischer Basis. Breslau: M. Cohn & Weigert 1874
- Lehrbuch der Gehirnkrankheiten. Bd. I-III. Berlyn: Theodor Fischer 1881–1883
- Atlas des Gehirns. Mit E.Hahn, H.Sachs, P. Schröder, O Förster. Berlyn: Karger 1897–1903
- Grundriss der Psychiatrie in klinischen Vorlesungen. Leipzig: G. Thieme 1900
- Krankenvorstellungen aus der psychiatrischen Klinik in Breslau, Heft 1-3. Breslau: Schlettersche Buchhandlung 1899–1900