Carla de Bruine, (Kollum, 20 july 1991), is Fryske sjongeres en sjongdosinte út Kollum. Se treedt op ûnder de artystenamme Caytelly.

Carla de Bruine
sjonger en/of muzikant
Carla de Bruine
Carla de Bruine
persoanlike bysûnderheden
echte namme Carla de Bruine
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 20 july 1991
berteplak Kollum
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjongtaal Nederlânsk, Frysk, Ingelsk
ynstrumint sjongster, gitaar, piano
jierren aktyf 2010 - no
offisjele webside
http://carladebruine.nl/

Nei it Lauwers College yn Kollum gie se nei it Noorderpoort College yn Grins. Yn 2008 wûn se yn Ljouwert de Friesland Soundmix Award. Yn 2009 begûn se oan in sjongoplieding oan de 'School voor de Kunsten' yn Grins. Yn dy tiid wûn se de Masterclass by Pia Douwes. Yn har stúdzjetiid oan de School voor de Kunsten makke se ek har earste EP mei it sels skreaune nûmer Finally Me. De nûmers foarmen in gronologysk ferhaal dat fersterke waard troch visuals en oare effekten. Ien fan de nûmers wie Een Voetstap. Yn har opliedingstiid waard se leadsjongeres by de Grinzer pop/rockband Bad Mojo, dy’t yn 2013 stoppe.

Nei de oplieding yn Grins folge se fan 2012 oant 2017 in stúdzje oan de Akademy foar Popkultuer yn Ljouwert. Se studearre ôf mei eigen wurk yn gearwurking mei in producer. Neist har stúdzje trede hja solo op by brulloften, feesten en festivals. Sûnt 2012 is De Bruine de frontfrou fan de feestband Exposure. Op talintejachten krige se fan sjuerys lof foar har technyske bekwamens en har krêftige lûd.

Sûnt 2017 jout Carla de Bruine sjonglessen en sjongworkshops by opliedingssintra as Elzer Educatie, Sjongynstitút Fryslân en CB Music. [1]

Hoe ‘t it fielt bewurkje seksje

Yn it stik Salomon – Het Kollumer Oproer út 2019 spile De Bruine de rol van Djoeke Binnes. Mei De Kast waard it liet Hoe ‘t it fielt út dat teäterstik opnomd as single. It is in Fryske bewurking troch De Kast fan Lady Gaga har Till It Happens To You. Hoe ’t it fielt giet oer it tema #METOO, dat ek yn it stik ferwurke sit.[2] De sjongeres besjongt yn it nûmer dat se sels ek slachtoffer west hat. It nûmer kaam yn 2019 binnen op nûmer 27 fan de Fryske Top 100.

Skriem om my bewurkje seksje

Steven de Jong bewurke Sleeping Sun út 1998 fan it Finske Nightwish nei it Keltysk-Fryske Skriem om My foar it Grutte Pierprojekt. It Grutte Pierprojekt wie in trilogy film/rige/musical/barren oer it libben fan frijheidstrider Grutte Pier (1480-1520), fiifhûndert jier nei syn dea. Skriem om my giet oer it ferlies fan in dierbere. It nûmer waard produsearre troch De Kast-drummer Nico Outhuijse.[3]Skriem om my kaam yn 2020 nij binnen op nûmer 11 fan de Fryske Top 100. [4]

Foarstelling From Hell to Heaven bewurkje seksje

Yn gearwurking mei twa producers makke De Bruine in achttal tracks foar in foarstelling oer it tema 'narsisme' ûnder de titel From Hell to Heaven. Der giet in dokumintêre oer narsistysk misbrûk oan foarôf.[5]

Oare aktiviteiten bewurkje seksje

Carla de Bruine wie yn 2017 mei-oprjochtster fan it bedriuw 'La Ferme Therme' yn Ryptsjerk. It is in kueroard mei baden mei hieljende mineralen. [6] Sûnt 2019 is se as hypnoterapeute eigeneresse fan Hypnose Centrum Noord yn Hurdegaryp.[7]

Diskografy bewurkje seksje

  • Fleane yn'e Loft (2021)
  • Skriem om my (2020)
  • Shame No More (Bad Mojo, EP, Rock, 2013) Drc Publishing
  • Finally Me (EP, 2012) Dream Project Studios
  • Explorations (cover CD, 2012) CDB Music
  • Een Voetstap (2010)[8]
mei oaren

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Referinsjes
  1. Sjongynstitút Fryslân
  2. www.kollumeroproer.nl
  3. Single 'Skriem om my' voor filmtrilogie Grutte Pier LC 27 maaie 2020
  4. Carla de Bruine komt mei ‘Skriem om my’ nij binnen op 11 yn Fryske Top 100 Leeuwarden Nieuws.nl, 29 desimber 2020
  5. From Hell to Heaven - Carla de Bruine
  6. Geniet van de voedende mineraalbaden actiefonline.nl
  7. Hypnoaze Sintrum Noard
  8. Een Voetstap