Miguel de Cervantespriis

(Trochferwiisd fan Cervantespriis)

De Miguel de Cervantespriis, of koartwei de Cervantespriis (Spaansk: Premio de Literatura en Lengua Castellana Miguel de Cervantes; letterlik: "Miguel de Cervantespriis foar Literatuer yn de Kastyljaanske Taal"), is de wichtichste literatuerpriis yn 'e Spaansktalige wrâld. Dizze priis waard yn 1976 ynsteld en wurdt op jierlikse basis útrikt ta erkenning fan it folsleine oeuvre fan in Spaansktalich skriuwer of dichter.

Premio de Literatura en Lengua
Castellana Miguel de Cervantes
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Spaansk
útrikt foar literatuer
útrikt troch Spaansk Ministearje fan Kultuer
frekwinsje 1x jiers
plak Madrid (Spanje)
ynsteld 1976
offisjele webside
www.mcu.es/premios/

De priis is ferneamd nei de grutte sechstjinde-iuwske Spaanske skriuwer Miguel de Cervantes, de geastlike heit fan Don Quichot. De kandidaten foar de Cervantespriis wurde oandroegen troch de Feriening fan Spaanske Taalakademys, en de eigentlike tawizing en útrikking wurdt fersoarge troch it Spaanske Ministearje fan Kultuer. Oan 'e priis is in jildbedrach fan €125.000 ferbûn, wêrmei't it ien fan 'e grutste prizen fan 'e wrâld is.

Oant en mei 2014 wie de Cervantespriis 40 kear útrikt, wêrfan 21 kear oan in Spanjert; 5 kear oan in Meksikaan; 4 kear oan in Argentyn; 3 kear elk oan in Kubaan en in Sileen; en 1 kear elk oan in Kolombiaan, in Oerûguayaan, in Paraguayaan en in Perûviaan. Under de winners wiene sokke grutte nammen as Jorge Luis Borges, Octavio Paz, Carlos Fuentes en Mario Vargas Llosa. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, yn 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references, op dizze side.