Jorge Luis Borges

Jorge Luis Borges (Spaanske útspr.: ['xorxe 'lwis 'borxes] ( audio)), folút: Jorge Francisco Isidoro Luis Borges Acevedo (Buenos Aires, 24 augustus 1899Sjenêve, 14 juny 1986) wie in Argentynsk skriuwer fan koarte ferhalen, essayist, dichter en oersetter. Hy wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it literêre sjenre fan it magysk reälisme, mar hy droech ek by oan sawol de filosofy as de fantasy- en detektivesjenres. Syn bekendste boeken, Ficciones (1944) en El Aleph (1949), binne bondels ferhalen mei in mienskiplik tema. Borges wie fan berop bibletekaris en waard letter direkteur fan 'e Nasjonale Bibleteek fan Argentynje, en teffens perfester yn 'e literatuer oan 'e Universiteit fan Buenos Aires. Syn wurk waard bekroane mei ferskate prestizjeuze prizen, mar net mei troch him sa begeare Nobelpriis foar de Literatuer. Borges spriek in ferskaat oan talen floeiend, en sette wurken út it Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Aldingelsk en Aldnoarsk oer yn it Spaansk. Geandewei syn libben seach er almar minder, en úteinlik waard er blyn. Men wol wol hawwe dat dat alteast foar in part de grûnslach foarme fan syn ynnovative literêre symbolyk. Hy stoar oan leverkanker yn 'e âlderdom fan 87 jier.

Jorge Luis Borges
skriuwer
Jorge Luis Borges yn 1967.
Jorge Luis Borges yn 1967.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jorge Francisco Isidoro
   Luis Borges Acevedo
nasjonaliteit Argentynsk
berne 24 augustus 1899
berteplak Buenos Aires (Argentynje)
stoarn 14 juny 1986
stjerplak Sjenêve (Switserlân)
etnisiteit Ingelsk
Oerûguayaansk
Portegeesk
Spaansk
wurk
taal Spaansk
sjenre poëzijlit. koarte ferh.senario's,
detektiveferh., fantasy, essay's
perioade midden 20e iuw
streaming magysk reälisme
bekendste
  wurk(en)
El Oro de los Tigres
La Rosa Profunda
Susana Bombal
El Jardín de Senderos
   Que Se Bifurcan
prizen Edgar Award 1976
Balzanpriis 1980
Cervantespriis 1980
Légion d'Honneur 1983
jierren aktyf 19231986
offisjele webside
www.fundacionborges.com.ar
N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Jorge (Francisco Isidoro) Luis. De earste efternamme (fan heitekant) is Borges, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Acevedo. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Borges of oars Borges Acevedo brûkt wurde.

Jorge Luis Borges waard op 24 augustus 1899 berne yn in begoedige middenklasse-fermidden yn 'e Argentynske haadstêd Buenos Aires. Syn mem, Leonor de Acevedo Suárez, kaam út in Urûguayaanske famylje fan puer "kreoalsk" (Spaansk) komôf, dy't djip behelle west hie yn 'e kolonisaasje fan Súd-Amearika. Leonor har heit en Borges syn pake, Isidoro de Acevedo Laprida, wie in oarlochsheld, dy't yn 'e slaggen by Cepeda, yn 1859, Pavón, yn 1861, en Los Corrales, yn 1880, fochten hie. Borges syn heit, Jorge Guillermo Borges Haslam, hie foar de helte Ingelsk bloed, wylst er fierders foar in fearn fan etnysk Spaansk en in fearn fan etnysk Portegeesk komôf wie. Borges sr. wie troch syn mem Ingelsktalich grutbrocht, en naam syn eigen gesin letter gauris mei op reis nei Jeropa. Fan berop wied er abbekaat en dosint psychology, mar hy woe graach skriuwer wurde. Syn soan, mei wa't er in tige goede bân hie, skreau letter dat him dat nea slagge wie. Oer himsels skreau Jorge Luis Borges: "om't de measten fan myn folk soldaten west hiene, en ik wist dat ik dat nea wêze soe, skamme ik my, doe't ik noch hiel jong wie, dat ik in boekich persoan wie en gjin man fan aksje."

Doe't er njoggen jier wie, sette Borges Oscar Wilde syn The Happy Prince oer yn it Spaansk. De fertaling waard publisearre yn in pleatslik tydskrift, mar elkenien miende dat Borges syn heit de wiere oersetter wie. Borges krige oant syn alfde oan hûs twatalich Ingelsk-Spaansk ûnderwiis. Letter seid er dat as er it wichtichste foarfal út syn libben neame moast, dat dat perfoarst syn heite bibleteek fan mear as tûzen boeken west hie. Om't syn eagen almar minder waarden, in genetyske krupsje dêr't Borges sels letter ek mei oanhelle reitsje soe, moast syn heit úteinlik syn abbekaatspraktyk opjaan. Yn 1914 ferfear it gesin nei it Switserske Sjenêve, dêr't syn heit eachhielkundige behannelings ûndergie, wylst Borges en syn suster Norah der nei skoalle giene. Yn 1918 rûne er syn oplieding oan it Collège de Genève ôf, mar syn âldelju besleaten fanwegen de ûnlijige politike sitewaasje yn Argentynje, om foarearst mar yn Jeropa te bliuwen. Sadwaande bleau it gesin noch in jier yn Switserlân, en dêrnei brochten se nochris trije jier troch op ferskate plakken yn Jeropa: yn Lugano en yn Barseloana, op Majorka, yn Sevilla en yn Madrid. Wylst er yn Spanje wenne, kaam Borges yn 'e kunde mei de literêre avant-garde, en syn earste gedicht, Himno del Mar ("Hymne fan de See"), dat publisearre waard yn it tydskrift Grecia, hong oer nei it nijmoadrige imazjisme.

 
Borges yn 1921.

Iere karriêre

bewurkje seksje

Yn 1921 kearde Borges mei syn âldelju en suster werom nei Buenos Aires. Hoewol't er net folle formeel ûnderwiis genoaten hie en oer diploma's noch freonen beskikte, sette er mei faasje útein mei syn karriêre as skriuwer en dichter. Hy publisearre surreälistyske gedichten en essay's yn literêre tydskriften, en wist dêrmei yn koarte tiid yn literêre fermiddens in beskate reputaasje op te bouwen. Yn 1923 publisearre er syn earste dichtbondel, mei as titel Fervor de Buenos Aires. Teffens wied er belutsen by de oprjochting fan ferskate literêre tydskriften. Fan 1933 ôf wurke er in hoart as redakteur by de krante Crítica, en yn 'e twadde helte fan 'e jierren tritich wied er yn 'e tsjinst by de útjouwerij Emecé Editores. Yn 1938 wist er in baan as bibliotekaris te bemachtigjen by de Gemeentlike Bibleteek fan Buenos Aires, yn 'e arbeiderswyk Miguel Cané. Dêr wiene mar sa'n bytsje boeken, dat der waard him te ferstean jûn dat er de rest fan it biblioteekpersoniel yn diskredyt bringe soe as er deis mear as hûndert werombrochte boeken teplak sette. Sadwaande bestege er deis in oerke oan 'e bibleteek en gie er de rest fan 'e tiid yn 'e kelder sitten, dêr't er him oan syn skriuwwurk wijde.

Tsjin 'e midden fan 'e jierren tritich begûn er him ek ta te lizzen op it skriuwen fan koarte ferhalen, dy't er gauris publisearre yn it tydskrift Sur ("Súd"), dat yn 1931 oprjochte wie troch Victoria Ocampo. Dyselde brocht Borges yn 'e kunde mei Adolfo Bioy Casares, in ferneamd Argentynsk skriuwer, dy't in goede freon fan Borges wurde soe, mei wa't er geregeldwei gearwurke. Tegearre skreaune se û.m. in parody op in detektiverige en ûnderskate fantasyferhalen. Yn 1936 brocht Borges de bondel Historia Universal de la Infamia ("In Universele Histoarje fan Skanddieden") út, wêryn't er twa soarten geskriften gearbrocht hie: essays en non-fiksjonele koarte ferhalen, en literêre ferfalskings, dêr't er fan úthold dat it oersettings fan syn hân wiene fan fergetten rekke wurken fan bûtenlânske skriuwers.

Yn 1938, koart nei syn heite ferstjerren, rekke Borges slim ferwûne oan 'e holle, en ûnder de behanneling rûn er bloedfergiftiging op, wêrby't er it by de dea om 't ôf rêde. Wylst er dêrnei oan it opbetterjen wie, begûn er te eksperimintearjen mei de skriuwstyl dêr't er letter ferneamd om wurde soe. Syn earste ferhalebondel, El Jardín de Senderos Que Se Bifurcan ("De Tún fan 'e Paden Dy't Har Opspjalten"), ferskynde yn 1941. De kritiken wiene loovjend, en it boek waard oer it algemien troch it publyk goed ûntfongen, mar de literatuerprizen dy't mannigenien foar him ferwachte hie, bleaune út.

Lettere karriêre

bewurkje seksje
 
Borges yn 1951.

Borges hie sterke politike opfettings; hy wie in konservatyf dy't neat hawwe moast fan it kommunisme, mar likemin hied er wat op mei it nasjonaal-sosjalisme. Yn 'e tritiger jierren en ûnder de Twadde Wrâldoarloch, doe't ekstreem-rjochtse sympatyen yn Argentynje sterk libben, wie Borges ien fan dejingen dy't har dêr it iepentlikst fan distansjearren. Doe't yn 1946 Juan Perón oan 'e macht kaam, dy't sels net twer wie fan ekstreem-rjochtse ideeën, krige Borges dêrfoar de rekken presintearre: fan syn baan by de bibleteek waard er "promovearre" ta ynspekteur fan plomfee en kninen op 'e gemeentlike merk fan Buenos Aires. Borges stapte fansels op, mar hy fergeat noch ferjoech dizze mislediging ea, en bleau de rest fan syn libben in fûleindich fijân fan 'e peronisten.

Underwilens wie Borges syn gesichtsfermogen fan it begjin fan 'e tritiger jierren ôf minder wurden, wat him ûngeskikt makke foar in soad foarmen fan wurk. Mei't er himsels as skriuwer net bedrippe koe, sette er útein mei it hâlden fan lêzings. Sadwaande waard er aloan mear in publyk figuer. Om syn anty-peronistyske hâlding waard er yn 1951 keazen ta foarsitter fan it Argentynsk Selskip fan Skriuwers (SADE), al waard dy organisaasje in jier letter troch de regearing-Perón ferbean. Nei't syn koarte ferhaal Emma Zunz yn 1954 ferfilme waard, begûn er ek filmsenario's te skriuwen. Yn 1955, doe't Perón by in steatsgreep it fjild romje moatten hie, kearde foar Borges it tij, en waard er oansteld as direkteur fan 'e Nasjonale Bibleteek fan Argentynje. Yn 1957 krige Borges in oanstelling as perfester literatuer oan 'e Universiteit fan Buenos Aires. Tsjin 'e ein fan 'e jierren fyftich wied er lykwols folslein blyn rekke. Hy skreau: "Mei sa'n prachtige irony / Skonk [God] my mei ien oanrekking boeken en de / Nacht."

Syn mem, dy't him altiten tige nei west hie, waard doe syn persoanlike siktaresse; hy learde nea braille. Yn 1967 troude Borges mei de doe koartby widdo wurden Elsa Astete Millán. Neffens wat freonen fan sines letter seine, wie dat fral op oanstean fan syn mem, dy't dat jiers njoggentich waard, en immen besocht te finen om Borges yn syn blinens te fersoargjen en om har rol as syn siktaresse oer te nimmen. It houlik wie lykwols gjin súkses, en duorre mar trije jier. Yn 1970 folge der in skieding, wêrnei't Borges wer by syn mem ynloek. Dêr bleau er oant har dea, yn 1976, doe't se 99 jier wie. Neitiid wenne er allinnich yn it lytse flatappartemintsje dat se dield hiene, en waard er fersoarge troch Fanny, dy't al jierren harren húshâldster west hie.

Yn 1961 waard Borges foar it earst de Prix International takend, dy't er diele moast mei Samuel Beckett. Oant dy tiid wie Borges noch frijwol ûnbekend yn 'e Ingelsktalige wrâld, en de priis makke grutte belangstelling foar syn wurk los. De Universiteit fan Teksas te Austin stelde him foar in jier oan as heechlearaar, wat late ta syn earste lêzingetoernee troch de Feriene Steaten. Yn 1962 begûn er ek lêzingen te jaan yn Jeropa. Yn lettere desennia krige er in grut tal ynternasjonale prizen takend, lykas de Special Edgar Allan Poe Award fan 'e Mystery Writers of America foar syn bydrage oan it detektivesjenre (1976); de Balzanpriis foar filology, taalkunde en literêre krityk (1980); de Prix Mondial Cino del Duca (1980); de Cervantespriis (1980); en it Frânske Légion d'Honneur (1983).

 
Borges syn grêf.

De Nobelpriis foar de Literatuer krige Borges lykwols nea, wat him oanhâldend dwers siet. Hy sei: "My de Nobelpriis net ta te kennen is in Skandinavyske tradysje wurden; dat dogge se al sûnt ik berne bin." Men wol wol hawwe dat Borges by it Nobelkomitee efter it net fiske fanwegen syn konservative politike gedachteguod, of, om sekuerder te wêzen, om't er in ûnderskieding oannommen hie fan 'e Sileenske diktator Augusto Pinochet, in opmerklike die foar immen dy't Juan Perón te rjochts fûn.

Lêste jierren en dea

bewurkje seksje

Doe't Perón yn 1973 út ballingskip weromkaam en op 'e nij keazen waard ta presidint fan Argentynje, naam Borges daliks ûntslach as direkteur fan 'e Nasjonale Bibleteek. Fan 1975 oant syn dea wied er allegeduerigen op reis. Dêrby waard er beselskippe troch syn persoanlike assistinte María Kodama, in Argentynske fan mingd Dútsk-Japansk komôf. Yn april 1986, in pear moanne foar syn dea, troude er mei har fia in abbekaat yn Paraguay, op in manear dy't in soad Argentinen doe foar de moade hiene fanwegen de problematyske Argentynske wetjouwing op it mêd fan skieding en wertrouwen. Borges stoar op 14 juny 1986 yn Sjenêve oan 'e gefolgen fan leverkanker, en waard dêre ek begroeven, op it Cimetière des Rois.

Op grûn fan har koarte houlik mei de skriuwer en fan syn beide testaminten krige Kodama it nei syn dea foar it sizzen oer syn wurken. Har assertive behear fan Borges syn neilittenskip brocht har mei ûnderskate oare belanghawwenden yn oanfarring, lykas de Frânske útjouwerij Gallimard, oangeande de werpublikaasje fan Borges syn wurk yn it Frânsk. Se loek fierders alle publikaasjerjochten fan 'e besteande Ingelske oesettings yn, en liet yn it plak dêrfan nije fertalings meitsje, dy't sûnt de standertedysjes fan Borges syn wurken yn it Ingelsk wurden binne.

 
Borges mei in stikmannich froulike fans (1976).

De roman El Caudillo, dy't soms oan Jorge Luis Borges taskreaun wurdt, wie eins it wurk fan syn heit, dy't ek fan Jorge Borges hiet. Los fan 'e ûndersteande list binne der ek Borges syn Obras Completas ("Folsleine Wurken"), dy't mei in útienrinnende mjitte fan folsleinens útjûn waarden yn 1953, 1974, 1984 en 1989.

  • 1923 - Fervor de Buenos Aires
  • 1925 - Luna de Enfrente
  • 1929 - Cuaderno San Martín
  • 1943 - Poemas: 1922-1943 (werútjefte fan 'e trije foargeande dichtbondels mei in pear nije gedichten)
  • 1953 - Poemas: 1923-1953 (werútjefte mei in pear nije gedichten)
  • 1960 - Libro del Dielo y del Infierno (essay's en ien gedicht; skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1960 - El Hacedor (poëzij en koarte proazastikjes)
  • 1961 - Antología Personal (essay's, poëzij, literêre kritiken)
  • 1965 - Para las Seis Cuerdas (lietteksten foar tango's en milonga's)
  • 1968 - Nueva Antología Personal (essay's, poëzij, literêre kritiken)
  • 1969 - Museo
  • 1969 - Elogio de la Sombra
  • 1969 - El otro, el Mismo
  • 1972 - El Oro de los Tigres
  • 1975 - La Rosa Profunda
  • 1976 - La Moneda de Hierro
  • 1977 - Historia de la Noche
  • 1981 - La Cifra
  • 1985 - Los Conjurados
  • 1997 - Textos Recobrados 1919-1929 (nea earder publisearre ier wurk, sawol proaza as poëzij)
  • 2002 - Textos Recobrados 1931-1955 (nea earder publisearre wurk, sawol proaza, poëzij as non-fiksje)
Ferhalebondels
  • 1935 - Historia Universal de la Infamia (koarte non-fiksje en literêre ferfalskings)
  • 1941 - El Jardín de Senderos Que Se Bifurcan
  • 1942 - Seis Problemas para Don Isidro Parodi (komyske detektiveferhalen, skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1944 - Ficciones
  • 1946 - Un Modelo para la Muerte (komyske detektiveferhalen, skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1946 - Dos Fantasías Memorables (2 fantasyferhalen, skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1949 - El Aleph (essay's en koarte ferhalen)
  • 1951 - La Muerte y la Brújula (werútjefte fan earder publisearre ferhalen)
  • 1953 - Historia de la Eternidad (essay's, koarte ferhalen en literêre kritiken)
  • 1955 - La Hermana de Eloísa (samling fan 2 ferhalen fan Borges, 2 fan Luisa Mercedes Levinson en it titelferhaal, dat se tegearre skreaune)
  • 1957 - Manual de Zoología Fantástica, (koarte stikjes oer optochte bisten, skreaun mei Margarite Guerrero)
  • 1960 - El Hacedor (poëzij en koarte proazastikjes; earder útjûn as diel 9 fan Borges syn Obras Completas, "Komplete Wurken")
  • 1967 - Crónicas de Bustos Domecq (literêre ferfalskings en essay's, skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1967 - El Libro de los Seres Imaginarios (útwreiding fan Manual de Zoología Fantástica; koarte stikjes oer optochte bisten, skreaun mei Margarite Guerrero)
  • 1970 - El Informe de Brodie
  • 1972 - Nuevos Cuentos de Bustos Domecq (literêre ferfalskings en essay's, skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1975 - El Libro de Arena
  • 1977 - Rosa y Azul: La Rosa de Paracelso; Tigres Azules
  • 1983 - Veinticinco de Agosto de 1983 y Otros Cuentos
  • 1984 - Altas (ferhalen en essay's, skreaun mei María Kodama)
  • 1997 - Textos Recobrados 1919-1929 (nea earder publisearre ier wurk, sawol proaza as poëzij)
  • 2002 - Textos Recobrados 1931-1955 (nea earder publisearre wurk, sawol proaza, poëzij as non-fiksje)
senario's
  • 1955 - Los Orilleros (skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1955 - El Paraíso de los Creyentes (skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1968 - Invasión
essay's, lêzings en literêre kritiken
  • 1925 - Inquisiciones (essay's)
  • 1925 - El Tamaño de Mi Esperanza (essay's)
  • 1928 - El Idioma de los Argentinos (essay's)
  • 1930 - Evaristo Carriego (essay's oer de Argentynske dichter Evaristo Carriego)
  • 1932 - Discusión (essay's en literêre kritiken)
  • 1935 - Historia Universal de la Infamia (koarte non-fiksje en literêre ferfalskings)
  • 1936 - Historia de la Eternidad (essay's)
  • 1949 - El Aleph (essay's en koarte ferhalen)
  • 1950 - Aspectos de la Poesía Gauchesca (literêre kritiken)
  • 1951 - Antiguas Literaturas Germánicas (literêre kritiken, skreaun mei Delia Ingenieros)
  • 1952 - Otras Inquisiciones 1937-1952 (essay's en literêre kritiken)
  • 1953 - Historia de la Eternidad (essay's, koarte ferhalen en literêre kritiken)
  • 1953 - El "Martín Fierro" (essays oer it Argentynske epysk gedicht Martin Fierro, fan Margarita Guerrero)
  • 1955 - Leopoldo Lugones (literêre kritiken, skreaun mei Betina Edelborg)
  • 1960 - Libro del Dielo y del Infierno (essay's en ien gedicht; skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1961 - Antología Personal (essay's, poëzij en literêre kritiken)
  • 1963 - El Lenguaje de Buenos Aires (lange essay's, skreaun mei José Edmundo Clemente)
  • 1965 - Introducción a la Literatura Inglesa (literêre kritiken, skreaun mei María Esther Vázquez)
  • 1966 - Literaturas Germánicas Medievales (literêre kritiken, skreaun mei María Esther Vázquez)
  • 1967 - Crónicas de Bustos Domecq (literêre ferfalskings en essay's, skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1967 - Introducción a la Literatura Norteamericana (literêre kritiken, skreaun mei Esther Zemborain de Torres
  • 1968 - Nueva Antología Personal (essay's, poëzij, literêre kritiken)
  • 1971 - El Congreso (essay's)
  • 1972 - Nuevos Cuentos de Bustos Domecq (literêre ferfalskings en essay's, skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1976 - ¿Que Es el Budismo? (lêzings)
  • 1979 - Borges, Oral (lêzings)
  • 1980 - Siete Noches (lêzings)
  • 1982 - Nueve Ensayos Dantescos (essay's oer Dante Alighieri)
  • 1983 - Un Argumento
  • 1984 - Altas (ferhalen en essay's, skreaun mei María Kodama)
  • 1986 - Textos Cautivos (literêre kritiken, koarte biografyen fan skriuwers, oersettings)
  • 2000 - This Craft of Verse (Ingelske lêzings, optekene fan resint ûntdutsen tapes)
  • 2002 - Textos Recobrados 1931-1955 (nea earder publisearre wurk, sawol proaza, poëzij as non-fiksje)
oar
  • 1968 - Conversations with Jorge Luis Borges (fraachpetearen, oarspronklik yn it Ingelsk, skreaun mei Richard Burgin)
  • 1976 - Diálogos (petearen fan Borges mei de Argentynske skriuwer Ernesto Sábato)
  • 1977 - Prólogos con un Prólogo de Prólogos (samling fan 'e withoefolle foarwurden fan boeken fan oare skriuwers dy't Borgos troch de jierren hinne skreaun hie)
  • 1977 - Borges El Memorioso (petearen mei Antonio Carrizo)

Oersettings (ûnfolsleine opsomming)

bewurkje seksje
  • 1986 - Textos Cautivos (literêre kritiken, koarte biografyen fan skriuwers, oersettings)
  • 1943 - Los Mejores Cuentos Policiales (detektiveferhalen oerset út it Ingelsk en ien út it Frânsk, tegearre mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1962 - Los Mejores Cuentos Policiales; 2da Serie (detektiveferhalen oerset út it Ingelsk, tegearre mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1976 - Libro de Sueños (oersettings fan passaazjes út 'e wrâldliteratuer)

Borges yn it Frysk

bewurkje seksje

Teminsten trije gedichten fan Jorge Luis Borges binne nei it Frysk ta oerbrocht troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. De fertalings fan El Oro de los Tigres, La Rosa Profunda en Susana Bombal hat Bruinsma ûnder de titels It Goud fan de Tigers, resp. De Djippe Roas en Susana Bombal yn 1980 en 1981 publisearre yn ûnderskate nûmers fan it tydskrift HJIR.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Borges, Jorge Luis, It Goud fan de Tigers, yn: HJIR, 1980, septimbernû., s. 2-3.
  • Borges, Jorge Luis, De Djippe Roas, yn: HJIR, 1981, septimbernû., s. 43.
  • Borges, Jorge Luis, Susana Bombal, yn: HJIR, 1981, septimbernû., s. 45.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.