Nuete knyn
De nuete knyn (wittenskiplike namme: Oryctolagus cuniculus domesticus) is de domestisearre ûndersoarte fan 'e wylde knyn (Oryctolagus cuniculus). It mantsje hjit yn it Frysk in raam, en it wyfke in ei of mot. Kninen wurde al sûnt de Romeinske tiid troch de minske holden, lange tiid poer foar it fleis en/of de pels, mar fan 'e njoggentjinde iuw ôf ek as selskipsdier. Troch it fokken fan kninen binne der in grut tal rassen ûntstien, wêrfan't guon op it mêd fan lichemsgrutte en kleur tige by tige ôfwike fan harren wylde foarâlden.
nuete knyn | ||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||||
| ||||||||||||||
ûndersoarte | ||||||||||||||
Oryctolagus cuniculus domesticus | ||||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||||
IUCN-status: n.f.t. (domestisearre bist) | ||||||||||||||
Skiednis
bewurkje seksjeDomestisearring
bewurkje seksjeIt is net alhiel dúdlik wannear't de wylde knyn domestisearre is ta de nuete knyn. De Romeinen holden kninen foar it fleis yn hokken en ek yn parkjes mei hege muorren (saneamde leporaria), mar it tinken is dat it dêrby fral om fongen wylde kninen gie. Behalven folwoeksen bisten ieten de Romeinen ek nijberne kninejongen, dy't as delikatesse beskôge waarden. Mei't yn 'e Romeinske Tiid de fersprieding fan 'e wylde knyn noch beheind wie ta it Ibearysk Skiereilân, moat dat nei it begjin fan 'e Romeinske ferovering fan Hispanje ûnder de Twadde Punyske Oarloch yn 206 f.Kr. west hawwe.
Yn 'e Midsiuwen waarden wylde kninen benoarden de Pyreneeën yn grutte dielen fan Noardwest- en Sintraal-Jeropa útset as jachtwyld. Doe moat it domestikaasjeproses echt begûn wêze, trochdat kninen net allinne mear fongen en opiten waarden, mar de minsken der ek mei begûnen se te fokken, sadat se net hieltyd nije kninen hoegden te fangen. It is út histoaryske boarnen bekend dat mûntsen yn kleasters yn súdlik Frankryk yn 'e tolfde iuw kninen holden, fokten en ferhannelen. Domestikaasje wie nei alle gedachten in stadich proses dat teminsten oant yn 'e sechstjinde iuw duorre.
De earste feroarings yn 'e skeletstruktuer fan 'e nuete knyn, yn ferhâlding ta de wylde knyn, binne troch argeologen datearre yn 'e rin fan 'e achttjinde iuw. Dat binne de earste spoaren dy't derop wize dat it domestikaasjeproses late ta it ûntstean fan in nije ûndersoarte. Ek yn dy tiid noch waarden kninen inkeld foar it fleis of foar de pels holden. Pas om 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw hinne begûn men de bisten yn West-Jeropa en Noard-Amearika foar it earst as hobbydier te hâlden, wêrby't spesjale bistetentoanstellings foar kninen organisearre waarden.
Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch ûntjoech de nuete knyn him ta in populêr selskipsdier. Tagelyk rekke de populariteit fan it fokken fan kninen foar it fleis en de pels sterk yn it neigean. Fan 'e 1980-er jierren ôf holden guon lju har knyn of kninen net mear bûtendoar yn in hok of in skuorke, mar binnendoar yn deselde wenromte as de minske. Dêrmei berikte de knyn itselde stadium fan domestikaasje as de hûn en de kat.
Fleiskninefokkerij yn Nederlân
bewurkje seksjeYn Nederlân binne sûnt 2006 regels fan krêft foar it fokken fan nuete kninen foar it fleis. Dy binne fêstlein yn 'e Feroardering Wolwêzensnoarmen Kninen (VWK) fan it Produktskip Plomfee en Aaien. Yn Nederlân waarden yn 2010 krapoan 300.000 fleiskninen holden.
Fiviseksje
bewurkje seksjeSûnt de Twadde Wrâldoarloch wurde nuete kninen ek faak brûkt as proefdieren yn laboratoaria. Yn 't bysûnder by guod dat op 'e eagen test wurde moat, lykas kosmetika, om't kninen net knypeagje kinne. Tsjin dy as ûnnedich en wreed beskôge praktyk is sûnt de 1980-er jierren in protte ferset kommen fan dierebeskermingsorganisaasjes en bisterjochte-aktivisten. Fiviseksje op kninen hat sadwaande in tige minne namme krigen en it is tebek krongen, mar it is anno 2023 noch altyd net folslein útband.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe nuete knyn fariëarret tige by tige wat lichemsgrutte, hierlingte en hierkleur oangiet, en ek foar wat de stân (of it hingjen) fan 'e earen oanbelanget. Dat hat te krijen mei it bestean fan in grut tal kninerassen (sjoch: list fan kninerassen), dy't troch de iuwen hinne troch de minske fokt binne om oan útinoar rinnende easken te foldwaan.
Wat grutte oangiet: de Flaamske reus kin mear as 8 kg weagje, wylst der ek dwerchkninerassen besteane mei in gewicht fan minder as 1 kg. Trochinoar weagje nuete kninen lykwols 11/2 oant 3 kg. Nuete kninen kinne alderhanne kleuren hawwe: wyt, alle nuânses brún, swart, griis, blau(wich), swartbûnt en brúnbûnt. Ek kinne se trije of mear kleuren of opmerklike tekeningpatroanen hawwe. Oer it generaal hawwe nuete kninen in koarte pels, mar de Angoaraknyn, bygelyks, hat krekt in fluch groeiende, lange pels.
Kninen hawwe gjin hoektosken. Yn 'e ûnderkaak sitte twa tige grutte snijtosken, fjouwer foarkiezzen en seis kiezzen. Yn 'e boppekaak sitte twa minder grutte snijtosken, mei oan wjerskanten dêrfan in lytse stifttosk dêr't de ûnderste snijtosken op rêste as it bist net yt, en fierders seis foarkiezzen en seis kiezzen.
Fuortplanting
bewurkje seksjeKninen steane derom bekend dat se har tige fluch fuortplantsje kinne, wat foar in diel feroarsake wurdt trochdat se al hiel jong geslachtsripens berikke. As men mear as ien nuete knyn hâldt en it binne net allegearre rammen of eien, dan is it sterk oan te rieden om 'e bisten sterilisearje of (yn it gefal fan rammen) kastrearje te litten. Dat kin it bêste dien wurde sadree't se geslachtsryp binne: foar lytsere rassen mei 4–5 moannen; foar middelgrutte rassen mei 5–6 moannen; en foar grutte rassen mei 6–7 moannen. Rammen wurde trouwens oer it algemien letter geslachtsryp as eien fan itselde ras.
Fersoarging
bewurkje seksjeGroepsdier
bewurkje seksjeKninen binne fan natuere groepsdieren, mar likegoed is it net ferstannich om mear as twa eksimplaren yn ien hok te hâlden. Yn lytse romten kinne se nammentlik rivalisearjend hâlden en dragen fertoane, wat ta aaklike gefjochten liede kin. De kombinaasje dy't de minste swierrichheden opsmyt, is om in kastrearre raam en in sterilisearre ei byinoar te setten. It is it bêste om dat fan jong ôf oan te dwaan, mar kninen kinne ek noch wol oaninoar keppele wurde as se wat âlder binne. Dat moat wol soarchfâldich oanpakt wurde. De beide bisten moatte mei-inoar yn 'e kunde brocht wurde yn in neutrale romte, dy't foar net ien fan beiden bekend is, sadat se gjin oanstriid fiele ta fertoan fan territoriaal hâlden en dragen.
As in raam al kastrearre is, kin der dochs reden wêze om 'e ei dêr't er oan keppele is noch te sterilisearjen, want kninen hawwe in tige grutte kâns op limoerhalskanker. Tsjin 'e tiid dat in ei 4–5 jier âld is, leit dy kâns op 50–80%. It is dêrom saak om by sterilisaasje ek it limoer hielendal of alteast foar in diel te ferwiderjen (wat gjin standertpraktyk is, dus der moat spesjaal om frege wurde).
Húsfêsting
bewurkje seksjeNuete kninen kinne sûnder beswier bûtendoar holden wurde yn in kninestjelp dy't tarist is mei in ôfslútber nachthokje en in mei hinnegaas betimmere loop. Se kinne nammentlik goed oer kjeld en hoege by in winterske perioade mei froast net ferhuze te wurden nei binnendoar yn in skuorke. Oant temperatueren fan –15 °C kinne se sûnder swierrichheden yn 'e kninestjelp bûtendoar bliuwe. Betingst is wol dat it hokje fan 'e stjelp goed beskutting jout tsjin siging en delslach, want dat binne dan wer dingen dêr't kninen net goed oer kinne. Ek moat it hokje tarist wurde mei foldwaande strie om in waarm nêst fan te meitsjen.
Fierders kinne kninen net sa goed oer waarmte en yn 't bysûnder net oer felle sinne. Dus ek by 't simmer moat der genôch beskutting wêze en de kninestjelp moat net yn 'e folle sinne set wurde, mar yn it skaad fan bgl. in beam of in hage. By temperatueren fan boppe de 24 °C fine kninen it net mear oangenaam, en rint de temperatuer op oant boppe de 27 °C, dan kinne se echt yn 'e swierrichheden reitsje en in saneamde hjitteslach opdwaan. Se wurde dan apatysk of geane langút slop lizzen, it toskfleis en de heal sletten eagen wurde dûnkerread, de earen wurde tige waarm en it sykheljen giet hiel rêd.
Men kin nuete kninen ek sûnder swierrichheden yn 'e hûs hâlde. It binne skjinne bisten dy't gjin stank ferspriede, en se kinne traind wurde om te pisjen en har behoef te dwaan yn in kattebak. Wol is it saak om 'e dielen fan it hûs dêr't de knyn frij omrinne kin, "knineproof" te meitsjen, mei't de bisten fan natuere oanstriid hawwe om op dingen om te gnauwen, lykas elektryske triedden en snuorren.
Kninen hawwe ferlet fan frijwat lichemsbeweging, dat in kninehok yn in skuorke of in kninestjelp bûtendoar is eins te lyts om it bist oan ien wei troch yn te hâlden. De Nederlânske Dierebeskerming stelt dat twa nuete kninen teminsten 2 m² romte nedich binne. It is dêrom saak om 'e knyn alteast in pear kear yn 'e wike út syn hok te heljen en him wat omrinne te litten, bygelyks oan in tsjoar, sadat er springe, drave en boartsje kin. Dêrby moat men der wol foar soargje dat er net by giftige planten kin. Ek graven heart ta it natuerlik hâlden en dragen fan kninen. It is dêrom ek oan te rieden om in nuete knyn wat ûndergrûnske graafromte te jaan, dat wol goed ôfskerme wurde moat mei stevig gaas, sadat murden, stienmurden, beamotters en foksen it ferbliuw net binnenkringe en de knyn lytsman meitsje kinne.
Boartsjen
bewurkje seksjeKninen binne fan natuere tige boartlike bisten, dy't boartersguod dêrom tige op priis stelle. Gaadlik boartersguod foar in knyn is bygelyks in lege kartonnene doaze mei in gat deryn (dêr't er yn, út en boppe-op klimme kin), lege wc-papierroltsjes (om mei te rôljen en te goaien), in tennisbal ophongen oan in stik tou (om fuort te triuwen), in âld tillefoanboek (om te skuorren), in grutte bak mei ierde (om yn om te wuoljen), wylgetûken (om op om te gnauwen) of in stik âlde flierbedekking (om op om te klauwen). As it boartersguod nei gychem giet, is it in teken dat de knyn der aardichheid oan hat. Bliuwt it goed, dan kin men better wat oars besykje. As de knyn kartonnen of papierren guod begjint op te fretten, moat men it fuorthelje, want dat kin ferstoppings feroarsaakje. Yn 'e measte dierewinkels wurdt ek profesjoneel fabrisearre spesjaal knineboartersguod ferkocht, lykas in boartersbal dêr't snobbersguod (foar kninen) yn ferstoppe sit, lykas drûge stikjes banaan, rezinen, ensfh.
Fersoarging fan pels, tosken en neilen
bewurkje seksjeKninen binne tige sindlike bisten. It is dêrom oerstallich om se te waskjen. Soms komt it foar dat se by hjit simmerwaar besmoarge strie opdolle om har mei te kuoljen. Dat kin plakken yn 'e pels opleverje dy't mar dreech wer fuort te krijen binne. In waskbeurt kin dan helpe, mar de knyn ferliest sokke plakken ek fansels wol wer as er ferhierret. As men op 'e tiid it strie yn it kninehok ferskjinnet, kin men soks hielendal foarkomme. Ek is it oan te rieden om it hier fan 'e knyn eltse wike eefkes te boarsteljen. Dat ferwideret in protte âld hier en it is ek noch goed foar de bloedsomrin fan it bist.
De tosken fan kninen groeie altyd troch, wat foar swierrichheden soargje sil as de bisten dy net ôfslite kinne. It bêste is om se te foarsjen fan genôch hea en ek fan tûken (lykas splinterfrije wylgetûken), dêr't se op gnauwe kinne. As de tosken te lang wurde, kinne kninen net mear goed ite. Soks kin ek by in goede fersoarging foarkomme as de tosken in ferkearde stân hawwe. Yn it wyld soene sokke kninen úteinlik net mear ite kinne en de hongerdea stjerre, mar nuete kninen dy't mei sa'n probleem oanhelle binne, kin men út en troch mei nei de bistedokter om 'e tosken ôfslypje te litten.
De neilen fan in knyn moatte om 'e 2–3 moannen knipt wurde.
Fretten
bewurkje seksjeNuete kninen frette in protte hea en drinke allinne mar wetter. Behalven hea (drûge gers) kinne se (yn it simmerhealjier) ek farsk gers frette. Fierders is it goed om se ek griente te fuorjen. Men kin dêrby it bêste lytse stikjes fan sa folle mooglik ferskillende grienten tagelyk jaan ynstee fan in protte fan ien griente. Yn 'e frije natoer frette kninen ek mei in protte fariaasje troch no ris hjir en dan wer dêr eefkes oan te gnabjen. Grienten dy't kninen graach ite, binne û.m. andyvje, bleekselderij, brokkoly, Dútske koalraap (Ned.: koolrabi), finkel, knolselderij, peterseelje, it lof fan radiis, wetterkers en woartels mei it lof derby. Kninen hawwe ferlet fan genôch rizels (Ned.: vezels) yn har fretten, oars reitsje se yn 'e diarree. It is dêrom saak om biks en grienten altyd oan te foljen mei hea of gers.
Yn 'e frije natoer komme noch oare krûden foar dy't goed binne foar kninen, lykas aalst (Ned.: absintalsem), bledsjeslaad (veldsla), leppeltsjedief (herderstasje), skieppegerf (duizendblad), weversblêd (weegbree) en wjirmkrûd (boerenwormkruid). Dat jildt ek foar de blommen en blêden fan 'e hynsteblom en fan ferskate soarten dôvenettels. Ek de jonge toppen fan brânnettels/broeiers binne tige sûn, mar dy moat men foarôfgeande oan konsumpje wol in etmiel lizze litte om 'e 'broei' derút te heljen.
Foarbylden fan grienfoer dat swierrichheden feroarsaakje kin en dêr't men dus om tinke moat, binne: beane, biezelok (Ned.: bieslook), earten, koal, kropslaad, prei, sipel, sprútsjes en wytlof. It selde jildt foar stynske weet. Koal, slaad en wytlof kinne by in knyn ta gasfoarming liede, wat yn ekstreme gefallen deadlik wêze kin. Fan wytlof moat dêrom net mear as in pear bledsje per kear fuorre wurde, en fan koal kin men it bêste allinnich in bytsje blomkoal jaan en winterdeis in bytsje boerekoal. Tefolle klaver jout ek problemen mei de spiisfertarring, krekt as in protte wiet gers. Gers dat mei de meanmasine foar yn 'e tún meand is, moat nea oan kninen fuorre wurde, mei't it te fyn fermeald is en dêrom ta problemen liede kin. Gers dat mei in gersskjirre knipt, mei de hân plôke of mei in syklomeaner efter in trekker meand is, kin wol sûnder beswier fuorre wurde.
Kninen frette soms har eigen kjitte op, in ferskynsel dat kropofagy hjit. Dat is in natuerlike foarm fan hâlden en dragen, mei't wylde kninen it ek dogge. As men it lykwols foarkomme wol, is it saak om it kninehok hiel geregeldwei goed út te mjuksjen.
Sykten
bewurkje seksjeKninen, sawol wyld as nuet, binne tige kwetsber foar sykten as myksomatoaze en RHD (rabbit haemorrhagic disease; "kninebloedfloeien"). As se ienris ien fan dy beide sykten oprinne, is it te let en is in bist yn 'e measte gefallen net mear te rêden. Nuete kninen moatte dêrom, as it goed sil, dêrfoar yninte wurde: ien kear jiers foar RHD en twaris yn it jier foar myksomatoaze. Tsjintwurdich bestiet der ek ien faksên foar beide sykten, dat in jier lang wurket. Dat hat dan wol wer in folle langere ynkubaasjetiid (fan 3 wiken) en skynt minder goed tsjin RHD te beskermjen as dy sykte by itselde bist al earder mei it genêsmiddel Cunical bestriden is.
By grouwe kninen, en ek wol by âldere bisten en eksimplaren dy't ferkeard fretten krije, bliuwe soms stikken dong oan it hier fan it bunt (skamstreek) hingjen. Dat moat sa gau mooglik ferwidere wurde, want oars sil it almar mear oankoekje en is it op in stuit suver net mear fuort te krijen. Yn dat stadium moat men jins taflecht nimme ta it baaien fan 'e knyn yn lau wetter om 'e dong sêft te meitsjen, sadat it meastepart fuortwosken wurde kin. Mei in neilskjirke kin dan de rest ferwidere wurde troch foarsichtich it hier fuort te knippen dêr't it oan fêst sit. As dat net dien wurdt, sille der by 't maityd, simmerdeis en hjerstmis miggen op ôfkomme, dy't aaikes yn 'e dong lizze. De maitsen dy't dêrút komme, frette har in wei yn it ûnderhûdsk weefsel fan 'e knyn. Dat is net allinnich tige pynlik, mar kin ek ta de sykte myiasis liede.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side, en ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|