Charlotte Amalie is de haadstêd fan 'e Amerikaanske Famme-eilannen, in ûnynkorporearre territoarium fan de Feriene Steaten dat yn 'e Karibyske See leit en bestiet út 'e eilannen Saint Croix, Saint John en Saint Thomas. Charlotte Amalie leit oan 'e súdkust fan Saint Thomas en waard yn 1666 stifte as Taphus (Deensk foar "taaphûs" oftewol "kroech"). Dat wie yn 'e tiid dat de Amerikaanske Famme-eilannen noch Deensk-West-Ynje foarmen (oant 1917). Yn 1691 krige Charlotte Amalie syn hjoeddeistige namme, nei Sjarlotte Amalia fan Hessen-Kassel, de keninginne-gemalinne fan 'e Deenske kening Kristiaan V. Charlotte Amalie hie yn 2010 in befolking fan 18.481 minsken, wêrmei't it it grutste plak yn 'e Amerikaanske Famme-eilannen wie.

Dit artikel is in stobbe oer plak en as gemeente‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.