Choirokoitia
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Choirokoitia (Gryksk: Χοιροκοιτία) is in archeologyske lokaasje yn it distrikt Larnaka op it eilân Syprus. De prehistoaryske ruïnes waarden yn 1998 op 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed opnommen. Choirokoitia telt ta de wichtichste prehistoaryske lokaasjes fan it eastlike Middellânske Seegebiet.
Lokaasje
bewurkje seksjeDe eardere delsetting leit healwei tusken Larnaka en Limassol op sa 'n seis kilometer fan 'e kust.
Deatearing
bewurkje seksjeDe delsetting datearret út it Prekeramysk Neolitikum en waard tusken 7.000 oant 4.000 f.Kr. bewenne. Neffens rûzings wennen der 300 oant 1.000 minsken.
Opgravingen
bewurkje seksjeSûnt 1934 waard Choirokoitia ûnder lieding fan Porfurios Dikeos en in Frânske ekspedysje ûnder Alain Le Brun opgroeven, foar in skoft lykwols mar foar in part. Op 'e grûn waarden ferskillende rûne hûzen (ien dêrfan is ek ynrjochte) en in part fan 'e ferdigeningsmuorre rekonstruearre.
Wensten
bewurkje seksjeDe befolking libbe fan 'e feehâlderij en ikkerbou. Wat noch oarspronklik is binne de fûneminten fan 'e muorre om 'e delsetting hinne en sa 'n 60 rûne hûzen mei grêven ûnder de flier. De measte archeologyske fynsten wurde yn in Syprus Museum yn Nikosia bewarre. De deaden waarden yn in hokshâlding ûnder de hûzen begroeven.
Betsjutting
bewurkje seksjeUndertusken hawwe Shillourokambos en Tenta Choirokoitia yn âlderdom ynhelle. Dy binne mear as 1.000 jier âlder en wurde no as de âldste delsettings fan Syprus beskôge. Choirokoitia wurdt lykwols noch jimmeroan as ien fan 'e belangrykste prehistoaryske fynplakken yn it eastlik Middellânske Seegebiet beskôge en kin alle dagen troch toeristen besocht wurde.
Op it archeosoölogysk mêd is de lokaasje ek fan grut belang om 't it de âldste lokaasje is dêr't domestisearre katten bûten harren Afrikaanske plak fan komôf identifisearre binne. De katten stamme ôf fan 'e Felix silvestris lybica, de Afrikaanske wylde kat, en binne yn it 7e millenium f.Kr. yn Choirokoitia ynfierd om se yn te setten tsjin kjifdieren, dy't earder troch iere boeren meinommen wiene. De âldste fynst op dit mêd komt út Shillourokambos.[1]
Literatuer
bewurkje seksje- Alain Le Brun, Fouilles récentes à Khirokitia (Chypre), 1977–1981 (Paris, Editions Recherche sur les civilisations 1984)
- Alain Le Brun, Fouilles récentes à Khirokitia (Chypre), 1983–1986 (Paris 1989)
- Alain Le Brun, Fouilles récentes à Khirokitia (Chypre), 1988–1991 (Paris 1994)
- P. Dikaios, Khirokitia: final report on the excavation of a neolithic settlement in Cyprus on behalf of the Department of Antiquities, 1936–1946. Monographs of the Department of Antiquities of the Government of Cyprus 1. Published for the Government of Cyprus by Oxford University Press 1953.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Wrâlderfgoed yn 'e Republyk Syprus | ||
---|---|---|
Pafos (1980) • Beskildere tsjerken yn de Troödos-regio (1985) • Choirokoitia (1998) |