Chris Verbeek
Christiaan Garbrand (Chris) Verbeek (Winschoten, 10 novimber 1944) is in Nederlânsk byldhouwer.
Wurkpaad
bewurkje seksjeVerbeek folge fan 1964 oant 1968 plastysk-stâljaan oan de Akademy Minerva yn Grins; hy krige ûnderrjocht fan û.o. Karl Pelgrom en Johan Sterenberg. Verbeek wie 1969-1970 dosint tekenjen oan in mafû. Verbeek festide him as byldzjend keunstner yn Blijham yn east-Grinslân. Yn 2004 gie er út Nederlân wei en sette him nei wenjen yn Súd-Frankryk.
Verbeek wurket faak mei kortenstiel. In foarbyld dêrfan is it byld dat er yn 2000 makke ta oantins fan Ede Staal. It is in konyske pylder fan 9 meter heech, dy't rillegau de bynamme "de paal van Staal" krige.
Wurk (karút)
bewurkje seksje- Monument Ede Staal - Delfsyl (2000)
- Nagels - Emmeloard (1996)
- Zonnewijzer - Hoogezand (1994)
- Bankbeeld - Musselkanaal (1992/1993)
- Wachters - Klein-Ulsda (1991)
- Geknakt riet - Kielwindeweer (1990)
- Pick-k-nicktafel - Smeerling (1986)
- Zeilen - Scheemda, 't Waar en Termunterzijl (1986)
- 3 Dozen - Muntendam (1985)
- Cosmas en Damianus - Grins (1979) yn 'e mande mei Hans van Weerden
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|