Lyts-Ulsda

(Trochferwiisd fan Klein-Ulsda)

Lyts-Ulsda (Nederlânsk en offisjeel: Klein Ulsda, Grinslânsk: Lutje Ulsda), yn de folksmûle gauris De Hutten neamd, is in útbuorren ticteby Aldeskâns yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. Yn 2006 hie it 50 ynwenners. It doarp hat fjouwer strjitten: Ulsderweg, AE dijk, de Hamdijksterweg en Molenlaantje.

Lyts-Ulsda
Lokaasje Lyts-Ulsda yn de eardere gemeente Bellingwedde
Lokaasje Lyts-Ulsda yn de eardere gemeente Bellingwedde
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Oar
Koördinaten 53° 9' NB, 7° 9' EL

It plak leit tichteby Ulsda, dat yn de gemeente Aldamt leit. Beide plakken wurde skaat troch de A7 en de Westerwâldske Aa, dy't de gemeentegrins is. It doarp waard nei alle gedachten stifte fanút Ulsda, dat in stik heger leit, en dy koe by de oerstreamings troch de Doalert drûch bliuwe. Nei it fannijs ynpolderjen fan it opslike lân waarden fanút de besteande doarpen nije plakken stifte. It doarp hie fan 1842 oant likernôch 1870 in eigen skoalle yn de efterkeamer fan in âlde smidte, en wie in fuortsetting fan de skoalle fan Ulsda.

De namme Lyts-Ulsda waard alteast brûkt sûnt 1758. De namme De Hutten waard yn 1753 al neamd.

Lyts-Ulsda wie ea it wenplak fan atlete Fanny Blankers-Koen. Fierder wie it doarp ferneamd om syn ferskillende seksklups, dy't harren yn de iere santiger jierren yn it doarp fêstigen en se rjochten harren benammen op it Dútske grinsgebiet.

  Westerwâlde  
Doarpen:
AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-UlsdaMorigeAldeskânsOver de DijkRhederbrugSellingenTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWeddeWedderveerZandberg
Buorskippen:
AbeltjeshuisBakovensmeeBorgertangeBorgerveldBurgemeester BeinsdorpDe BruilDe BultDen HamEllersinghuizenHanetangeHarpelHasseberchHebrecht't HeemHoornHoornderveenJipsingboermusselJipsinghuizenKoudehoekLammerwegLaudeLauderbeetseLaudermarkeLauderzwarteveenLeemdobbenDe LetheLutjelooDe MatenMunnekemoerOverdiepPallertPlaggenborgPoldertRenneborgRhederveldRijsdamRoelage't SchotSellingerbeetseSellingerzwarteveenSleggeStakenborgStobbenTer BorgTer HaarTer WalslageTer WischTjabbesstreekVeeleVeerste VeldhuisVlagtwedder-BarlageVlagtwedder-VeldhuisWeendeWeenderveldWeiteWessingtangeWesteindWollingboermarkeWollinghuizenWynskoaterhegebrêgeZuidveldSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa
  ·   ·