Christoff De Bolle

Christoff De Bolle (Ninove, 18 juny 1976), fral bekend as Christoff, is in Flaamske sjonger en radiopresintator.

Christoff De Bolle
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Belgje Belgysk
berne 18 juny 1976
berteplak Ninove
etnisiteit Flaamsk
wurkpaad
sjongtaal Nederlânsk, Dútsk
offisjele webside
christoff.be

Tegearre mei syn ek ferneamde suster Lindsay brocht er ferskate duëtten út. Njonken syn solokarriêre makke Christoff De Bolle benammen sûnt 2015 ek namme mei it schlagertrio Klubbb3, dat njonken him fierder bestiet út Jan Smit en Florian Silbereisen.

Yn 'e âldens fan tolve krige De Bolle sjongles en song er yn it koar fan de parochytsjerke yn Hemelrijk, in wyk fan Denderleeuw. Op syn fyftjinde die er mei oan de Flaamske Soundmixshow mei it nûmer "Voor jou" fan Luc Steeno. Yn 1993 die er mei oan de Belgyske foarseleksje foar it Eurofyzje Sjongfestival mei it nûmer "Zendt een S.O.S.. Yn 2002 die De Bolle wer mei, no mei it nûmer "Op naar de top".

Sûnt septimber 2012 presintearre De Bolle op sneintemiddeis de Flaamske top 10 op Flaamske omrop Radio 2.

De Bolle waard yn Flaanderen fjouwerris ûnderskieden mei de Flaamske priis Music Industry Award (MIA) yn de kategory "Vlaams populair". Dat barde yn 2011, 2013, 2014 en 2016. Op de "Annes Vlaamse Muziek Awards" wûn er yn 2012 en 2013 de priis foar de bêste manlike artyst-schlager".

Christoff De Bolle hie sân jier in relaasje mei in man. Nei 't hja út inoar wiene krige er in jier letter in relaasje mei in oare man. Hy wennet yn Wetteren, in doarp oan de Skelde.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side