Christopher Cockerell
Sir Christopher Sydney Cockerell (Cambridge, 4 juny 1910 - Hythe, Hampshire, 1 juny 1999) wie in Britsk yngenieur en útfiner fan de hovercraft. Yn 1969 waard Cockerell riddere.
Cockerell waard berne as soan fan Sir Sydney Cockerell, kurator fan it Fitzwilliam museum. Al jong hie er gefoel foar technyk. Hy studearre oan de Universiteit fan Cambridge.
Cockerell syn wurkpaad begûn 1935 by it bedriuw fan Marconi, Wireless Telegraph Company. Dêr krige er 36 patinten tawiisd. Yn de Twadde Wrâldoarloch wurkte er oan it radar-systeem.
1950 krigen Cockerell en de frou in erfnis. Dêrnei ferliet er it bedriuw fan Marconi en begûn foar himsels. 1953 wie it prototype fan syn grutste útfining klear, de hovercraft. It waard net fuortendaliks in súkses dat hy waard twongen syn eigendommen te ferkeapjen om syn ûndersyk betelje te kinnen. Yn 1959 stiek in prototype It Kanaal oer tusken Dover en Calais.