Come as You Are
Come as You Are is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nirvana yn 1991 en útbrocht op it twadde album fan Nirvana Nevermind út itselde jier. Come as You Are is it tredde nûmer op it album en waard op 2 maart 1992 útbrocht as twadde single fan it twadde album.
Come as You Are | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Endless, Nameless | |
artyst | Nirvana | |
album | Nevermind | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Grunge | |
útbrocht | 2 maart 1992 | |
opnommen | Sound City Studio's maaie 1991 | |
doer | 3:38 | |
label | DGC | |
skriuwer | Kurt Cobain | |
produsint | Butch Vig | |
fideoclip | ||
Nirvana - Come As You Are (Official Music Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 14, Single Top 100 - 16, Ultratop 50 - 15 | |
sertifisearre | Austraalje 4x platina, Frankryk goud, Itaalje platina, Grut-Brittanje platina |
Oer it nûmer
bewurkje seksjeCome as You Are waard skreaun troch Kurt Cobain. Nei it útkommen fan de single yn 1992 waard Nirvana troch de Britske punkband Killing Joke foar de rjochter sleept, om't sy fûnen dat Come as You Are in kopy fan harren nûmer Eighties út 1984 fan it album Night Time wie.
Oer de fideoklip
bewurkje seksjeDe fideoklip waard regissearre troch Kevin Kerslake, dy't letter mear fideo's foar Nirvana regissearre, mar ek Pantera's fideo foar "This Love" makke. Nirvana keas foar regisseur Kerslake fanwegen syn ympresjonistyske styl. Yn de fideoklip wurde bylden fan de band en ferwizingen nei de albumomslach fan Nevermind en fallend wetter mei-inoar mjukse.
Muzikanten
bewurkje seksje- Kurt Cobain – Sang & Gitaar
- Krist Novoselic – Bas
- Dave Grohl – Drums