Nevermind (útspraak: /ˈnɛvəˌmaɪnd/) is it twadde studio-album fan Nirvana. It album waard opnommen yn de maitiid fan 1991 yn de Sound City yn Los Angeles en de Smart studio's, yn Madison en yn de hjerst fan datselde jier op 24 septimber útbrocht. De singles fan Nevermind binne klassikers wurden, it album soarge foar bekendheid by it grutte publyk.

Nevermind
algemiene ynformaasje
artyst Nirvana
taal Ingelsk
sjenre Grunge
útbrocht 24 septimber 1991
opnommen Sound City en Smart studio's,
maitiid 1991
doer 42:36
label DGC
produsint Butch Vig,
Nirvana
resultaten
albumlisten flagge fan Nederlân Album top 100 - 3,
flagge fan Belgje Ultratop - 1
sertifisearre Argentynje 3x platina,
Austraalje 5x platina,
Eastenryk platina,
Belgje 8x platina,
Brazylje platina,
Kanada diamant,
  Denemark 6x platina,
Finlân goud,
Frankryk diamant,
Dútslân 2x platina,
Itaalje 3x platina,
Japan 3x platina,
Meksiko 2x goud,
Nederlân platina,
Nij-Seelân 7x platina,
Poalen 2x platina,
Portegal goud,
Spanje platina,
Sweden 2x platina,
  Switserlân platina,
Grut-Brittanje 6x platina,
Feriene Steaten diamant
albumgronology fan Nirvana
Bleach
(1989)
  Nevermind
(1991)
  In Utero
(1993)

Albumomslach bewurkje seksje

De poppe dy 't neaken op de omslach te sjen is, is Spencer Elden. Hy waard samar keazen. As beleanning seinen Kurt en Courtney Love ta letter ris mei him nei in restaurant te gean (itjinge nea barde, om 't Kurt Cobain himsels yn 1994 te koart die). Op de omslach is er fjouwer moannen âld. De fiskheak mei it dollarbiljet waard letter digitaal tafoege. It byld symbolisearret de teloargong fan de ûnskuld fan de jongerein.

De âlden fan Elden krigen 200 dollar foar de foto. Yn 2007 sei Elden dat er him skamme foar de foto dêr 't er neaken op te sjen is. Neffens eigen sizzen fielt er him de grutste pornostjer fan de wrâld, om't de cd oer de hiele wrâld ferkocht is. Lykwols, yn 2016 ferklearret er der frede mei te hawwen en hat sels in "25 jier letter"- foto meitsje litten.

Mar yn augustus 2021 klage Elden de band oan, omdat er it gebrûk fan syn foto op de omslach no "berneporno" en "seksuele útrûpeling" fynt. Ek soe him tasein wêze dat syn geslachtsdiel mei in stikker bedutsen wurde soe. Hy easke in skeafergoeding fan 150.000 Amerikaanske dollar. Syn rjochtsaak waard yn jannewaris 2022 ôfwiisd. Elden hat de saak mei in oar formulearre eask op 'e nij oanspand.[1][2]

Ferburgen nûmer bewurkje seksje

De earste fyftichtûzen eksimplaren fan dit album stoppe nei it nûmer Something In The Way. Alle oare eksimplaren befetsje nei dat nûmer in stilte fan tsien minuten folge troch in ferburgen nûmer: Endless, Nameless. It is in soarte fan jamsesje dy't ûntstie nei't in opname fan Lithium, net alhiel goed gie.

Spyllist bewurkje seksje

nû. titel skriuwers doer
1. Smells Like Teen Spirit Kurt Cobain,
Krist Novoselic,
Dave Grohl
5:01
2. In Bloom Cobain 4:14
3. Come as You Are Cobain 3:39
4. Breed Cobain 3:03
5. Lithium Cobain 4:17
6. Polly Cobain 2:57
7. Territorial Pissings Cobain,
Chet Powers
2:22
8. Drain You Cobain 3:43
9. Lounge Act Cobain 2:36
10. Stay Away Cobain 3:32
11. On a Plain Cobain 3:16
12. Something in the Way Cobain 3:52
Endless, Nameless
(ferburgen nûmer op lettere cd útjeften)
Cobain,
Novoselic,
Grohl
6:43

Singles bewurkje seksje

titel skriuwers doer utbrocht
Smells Like Teen Spirit Kurt Cobain,
Krist Novoselic,
Dave Grohl
5:01 10 septimber 1991
Come as You Are Cobain 3:39 2 maart 1992
Lithium Cobain 4:17 13 july 1992
In Bloom Cobain 4:14 30 novimber 1992

Muzikanten bewurkje seksje

Gastmuzikanten bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: