Lithium (liet fan Nirvana)

Lithium is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nirvana yn 1991 en útbrocht op it twadde album fan Nirvana Nevermind út itselde jier. Lithium is it fiifde nûmer op it album en waard op 13 july 1992 útbrocht as tredde single fan it twadde album.

Lithium
algemiene ynformaasje
B-kant Been a Son (live)
artyst Nirvana
album Nevermind
taal Ingelsk
sjenre Grunge
útbrocht 13 july 1992
opnommen Sound City Studio's
maaie 1991
doer 4:16
label DGC
skriuwer Kurt Cobain
produsint Butch Vig
fideoclip
Nirvana - Lithium (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 16,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 17,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 28
sertifisearre Austraalje 2x platina,
Itaalje goud,
Grut-Brittanje goud
tal covers 5

Oer it nûmer

bewurkje seksje

Lithium waard skreaun troch Kurt Cobain. De komôf fan de namme fan it liet, wurdt ek wol taskreaun oan it brûken fan litium as medisyn om stimmingswiksels ôf te flakken. De tekst wurdt faak ynterpretearre as in beskriuwing fan in bipolêre steurnis. De eksakte betsjutting fan de tekst fan it nûmer is lykwols net bekend.

Oer de fideoklip

bewurkje seksje

De fideo is in samling fan livebylden fan de foltôge mar doe noch net útbrochte film 1991: The Year Punk Broke, dy't de twa wiken duorjende Jeropeeske toernee fan de band mei Sonic Youth dokumintearre en fan harren show yn it Paramount Theatre yn Seattle op 31 oktober, 1991. De bylden fan The Year Punk Broke waarden filme op it Reading Festival 1991 op 23 augustus 1991 en yn De Doelen yn Rotterdam op 1 septimber 1991. De film 1991: The Year Punk Broke kaam út op 24 desimber 1992.