Comité flamand de France
Frânske feriening
It Comité flamand de France (Frânsk foar Flaamsk komitee fan Frankryk) is in Frânske feriening, dy't him as geleard genoatskip rjochtet op it ûndersyk, behâld, en fersprieding fan de Flaamske kultuer yn Frânsk-Flaanderen, mei in bysûndere belangstelling foar taal, literatuer, en skiednis. It waard op 10 april 1853 oprjochte yn Dúntsjerk troch Edmond de Coussemaker[1] en is hjoed-de-dei noch aktyf, wêrtroch't it ien fan 'e âldste gelearde genoatskippen yn Frankryk is.
Yn Hazebroeck hâldt it komitee in spesjale biblioteek, dêr't al syn eigen publikaasjes en ek wol oare streekwurken bewarre wurde. Fierders hat it de ferantwurdlikheid foar de kolleksjes fan it Jeanne Devos Museum yn Wormhout.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Webstee fan it Comité flamand de France
- Jierboeken fan de jierren 1853 oant en mei 1999 op Gallica
- Bulletêns fan de jierren 1857 oant en mei 2000 op Gallica
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|