Conakry (Frânsk: Conakry; Sûsû: Kɔnakiri; N’ko: ߞߐߣߊߞߙߌ߫, Fûla: Konaakiri) is de haadstêd fan Guinee. De stêd leit oan de Atlantyske Oseaan.

Conakry
Bestjoer
Lân Guinee
Regio Regio Konakry
Sifers
Ynwennertal 1.660.973 (2014)
Befolkingsticht. 3700 km²
Hichte 1 m
Oar
Stifting 1887
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid CEST (UTC+1)
Lizzing Conakry yn Guinee

Conakry is de grutste stêd en it bestjoerlik en ekonomysk sintrum fan it lân. De ekonomy draait foar in grut part om de haven, dêr't fral aluminium en bananen mei it skip ferfierd wurde. Der is in beskieden ferwurkjende yndustry dy't rjochte is op fiedings- en genietmiddelen en op tekstyl.

Conakry ûntwikkele him op it eilân Tumbo oan de ein fan it skiereilân Kaloum, dêr't fia in lâningte mei ferbûn is. Offisjeel waard it plak stifte troch de Ingelsen dy't it letter oan Frankryk yn 1887 ôfstiene. It waard haadstêd fan Frânsk Guinee yn 1904, en bloeide as eksporthaven, fral neidat de spoarwei nei Kankan iepene waard. De spoarwei is wyls opheft.

 

Nijsgjirrichheden

bewurkje seksje

It oansjen waard binne it Nasjonaal Museum, de protte merken, it Palais du Peuple, de Grand Mosque, it nachtlibben en it tichtby lizzend Iles de Los. De stêd is ek bekend om syn botanyske tunen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje