Concordia (De Jouwer)
It fanfarekorps Concordia is in muzykferiening fan De Jouwer. De feriening bestiet út in A- en in B-korps. Concordia repetearret yn oefensintrum “De Triangel” oan de Vegelinsdyk. De oplieding fan muzikanten wurdt dien troch de Jouster muzykskoalle 'It Toanhûs'.
A en B-orkest
bewurkje seksjeIt A-orkest bestiet yn 2018 út ûngefear 65 muzikanten. It korps docht mei oan konkoersen en festivals en komt sûnt ein 2018 út yn de tredde divyzje.[1] Dirigint fan it A-orkest is sûnt 2004 Lieuwe de Jong út Twisk. It B-orkest fan âldere en begjinnende muzikanten waard yn 1988 oprjochte. Ek learlingen fan de muzykskoalle kinne yn dit orkest ûnderfining opdwaan mei ferskillende ynstruminten. Dit korps ûnder lieding fan dirigint Grietje Wuite hat in grut ferskaat oan repertoire.
Skiednis
bewurkje seksjeFanfarekorps Concordia waard oprjochte op 31 oktober 1908 as ûnderôfdieling fan de 'Kristlike Jongemannen Feriening'. Inisjatyfnimmer en earste foarsitter wie Greelt Jurjen Beerske. Hy stelde ynstruminten beskikber en stuts jild yn de feriening.
Op 14 augustus 1919 hie de feriening syn earste konkoers yn Appelskea. Der waard fuort in earste priis helle. Sûnt dy tiid waarden in soad serenades brocht mar ek waard spile by parkkonserten, optochten en útfierings. Yn 1936 waard it fanfarekorps omfoarme ta in harmonyferiening. Yn de oarlochsjierren koe net spile of repetearre wurde. Nei 1945 kaam der in eigen drumband. By it 200-jier bestean fan Douwe Egberts yn 1953 joech dat bedriuw nije unifoarmen oan de feriening. It wiene klassike unifoarmen, lykjend op eardere militêre gala-unifoarmen. Mear as tritich jier letter kocht de feriening sels mear eigentiidske unifoarmen. In kompleet âld unifoarm út 1953 is te sjen yn Museum De Jouwer.
Nei in bloeitid kaam begjin santiger jierren in mindere perioade. De koperynstruminten en it slachwurk waarden minder, it findel lei yn in kast en it tal leden rûn safier werom dat it korps troch in tekoart oan muzikanten op non-aktyf steld waard. Yn 1973 waard lykwols in kommitee fan oanrekommandaasje oprjochte dat mei it noch sittende bestjoer wer in korps oprjochte. Concordia joech wer simmerjûnkonserten en op 4 jannewaris waard in nijjierskonsert organisearre. It waard it begjin fan in tradysje. De feriening die wer mei oan konkoersen, festiviteiten en eveneminten.
Bibliografy
bewurkje seksje- Bert de Jong - Muziekvereniging Concordia, 75 siden (2008)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|