Gewoane glimmerinketswam
De gewoane glimmerinketswam (Coprinellus micaceus) is in skimmel út de famylje Psathyrellaceae.
gewoane glimmerinketswam | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Coprinellus micaceus | ||||||||||||
(Bull.) Vilgalys, Hopple & Jacq. Johnson 2001[1] | ||||||||||||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe hoed hat it diameter fan 1 oant 3 sm. By jonge poddestuollen is de foarm aaifoarmich, letter wurdt de hoed stadichoan klokfoarmich mei in tochsnit oant 5 sm. De kleur fan 'e hoed is krêm oant okerbrún en nei de midden ta donkerder. De hoed had hast oant de krún fine groefkes, dy't by't âlder wurden grutter wurde. Jonge poddestuollen ha in soad glimkjende skilferkes (resten fan it velum) op 'e hoed. By wat rein spiele dy gau fuort.
As de poddestoel âlder wurdt begjint de hoed mear te ribbeljen.
De lamellen fan 'e gewoane glimmeinketswam binne ynearsten wyt- oant gieleftich wyt, dêrnei griisbrún oant griispears en mei it âlder wurden swart.
De wite stâl is 3 oant 8-10 sm heech en 3 oant 5 mm dik. De stâl is hol en net stabyl. De basis is ljocht oant dúdlik bolfoarmich ferdikt en ljocht okergiel. By jonge poddestuollen is de stâl mei fine flokken oerdutsen, de âldere binne glêd. De stâl hat gjin ring.
De spoareprint is brún.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe gewoane glimmerinketswam komt hast oer de hiele wrâld foar, útsein op Grienlân en de poalen. Yn Europa is de soarte tige algemien. Se komme faak yn grutte klusters foar op âldes stobbes. De skimmel kin by gaadlike waarsomstannichheden ferskillende kearen yn 't jier poddestuollen produsearje.
De soarte libbet op libbene en deade beammen yn bosk, tún, park, berm en ûnder strûken. Se binne te finen yn leaf- en mingd bosk, mar seldsum yn nullebosk. De skimmel libbet as sapriobiont op fermôge hout en wurdt ek fûn op hout ûnder de grûn en oan 'e foet fan libbene beammen. Dat lêste tsjut faaks op parasitisme fan 'e skimmel oan 'e woartel. De soarte is net tier wat de pH-wearde fan 'e boaiem oanbelanget. De fruchlichems komme it hiele jier foar, mar benammen yn 'e moannen april oant en mei novimber.[2]
Betizing
bewurkje seksjeDer binne oare poddestuollen dy't in soad op 'e gewoane glimmerinketswam lykje en mei help fan in mikroskoop te ûnderskieden binne. Soarten dy't maklik betiizgje binne de pearelglimmerinketswam (Coprinellus saccharinus) en de greideglimmerinketswam (Coprinellus truncorum). As de velumresten fan 'e hoed wosken binne, is der ek oerienkomst mei de rûchspoarige inketswam (Coprinellus silvaticus). Dy lêste is lykwols tige seldsum en besit wrateftige spoaren.
Ytberens
bewurkje seksjeDe gewoane glimmerinketswam is ytber. De poddestoel komt yn tige grutte swarms foar, itjinge it skytbytsje fruchtfleis oan in yndividuele poddestoel kompinsearret. De gewoane glimmerinketswam hat gjin opfallende smaak.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|