Cornelis Tromp
Cornelis Maartenssoan Tromp (Rotterdam, 3 septimber 1629 – Amsterdam, 26 maaie 1691) wie in Nederlânske floatfâd yn tsjinst fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Tromp wie de soan fan Maarten Tromp, in oare ferneamde Nederlânske admiraal.
Cornelis Tromp | ||
militêr | ||
Cornelis Tromp skildere troch Peter Lely yn 1675. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Cornelis Maartenssoan Tromp | |
nasjonaliteit | Steatsk | |
berne | 3 septimber 1629 | |
berteplak | Rotterdam (Hollân) | |
stoarn | 26 maaie 1691 | |
stjerplak | Amsterdam | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1643 – 1691 | |
yn tsjinst fan | Rep. f.d. Fer. Nederlannen Denemark | |
legerûnderdiel | marine | |
heechste rang | luitenant-admiraal-generaal (sûnt 1679) | |
befel | Steatske float Deenske float | |
konflikt(en) | Earste Ingelske Oarloch Twadde Ingelske oarloch Tredde Ingelske Oorlog Skânske Oarloch | |
ûnderskiedings | Oarder fan de Oaljefant |
Iere karriêre
bewurkje seksjeHy begûn syn karriêre yn de Earste Ingelske Oarloch (1652-1654), dêr't er ûnder syn heit Maarten Tromp tsjinne. Doe't er yn 1653 it nijs dat syn heit omkommen wie yn de Seeslach by Skeveningen, frege er om yn syn plak beneamd te wurden ta luitenant-admiraal, ek al wie er sels noch mar krekt kaptein wurden. It waard net serieus nommen, mar Tromp waard op 11 novimber 1653 by de Admiraliteit fan Amsterdam beneamd ta skout-by-nacht.
Twadde Ingelske Oarloch
bewurkje seksjeYn de oanrin nei de Twadde Ingelske Oarloch waard Tromp beneamd ta fise-admiraal fan Hollân en West-Fryslân by de Amsterdamske Admiraliteit op 29 jannewaris 1665. Dat jiers focht er yn de Seeslach by Lowestoft op 13 juny 1665 as kommandant en koe it gutste part fan de float feilich thús bringe nei it grutste ferlies yn de skiednis fan de Nederlânske marine. Tromp waard dêrtroch tige populêr; hy waard al luitenant-admiraal en miende dat er dy ôfspraak feilich yn 'e bûse hie. Doe't er dy miste troch it ûnferwachte weromkommen fan Michiel de Ruyter op 11 augustus, late dat ta jaloerskens by Tromp.
Yn juny 1666, by de Fjouwerdageseeslach yn de Noardsee foar de kust fan Ingelân, fergrutte er syn bekendheid troch net minder as fiif skippen te ferneatigjen en de oerjefte te ûntfangen fan 'e strâne HMS Prince Royal. It noaske him lykwols net dat it haadskip ferneatige waard, sa't er it net as trofee thús bringe koe.
Letter dy simmer, by de Twadageseeslach (4-5 augustus 1666), wer ûnder befel fan Michiel de Ruyter, fersloech Tromp de Britske efterhoede, de earste echte oerwinning fan syn libben. Hy wie lykwols sa fier ôfdwaald fan 'e belegere haadmacht fan 'e float dat er har net mear te help komme koe en dat late dat de Nederlanners de slach ferlearen. De Ruyter joech Tromp de skuld foar it algemiene ferlies. Dat late ta in tanimmende persoanlike fijânskip tusken Tromp en De Ruyter.
Op 25 jannewaris 1667 troude er Tromp mei in tige begoedige widdo, Margaretha van Raephorst. Margaratha's lângoed yn 's-Graveland waard bekend as Trompenburgh.
Tredde Ingelske Oarloch
bewurkje seksjeYn 1672, by de Frânsk-Nederlânske Oarloch, wie Tromp persoanlik belutsen by it moardkomplot fan de ynfloedrike politikus Johan de Witt en syn broer Cornelis. Harren opfolger, steedhâlder Willem III fan Oranje-Nassau, koe yn april it jiers dêrop Tromp wer mei De Ruyter fermoedsoenje troch Tromp ta te sizzen dat er nei de dea fan De Ruyter opperhaad fan de float wurde soe. Nettsjinsteande syn pro-Ingelske hâlding focht Tromp mei fûle ambysje yn 'e lêste fjildslaggen fan 'e Tredde Ingelske Oarloch.
Deenske tsjinst
bewurkje seksjeNei it ferstjerren fan de oerbefelhawwer fan de Deenske float, Koert Adelaer, yn novimber 1675 waard Tromp beneamd as syn opfolger op 8 maaie 1676. Hy krige de seremoniële titel Ridder yn de Oarder fan de Oaljefant. Op 11 juny fersloech er de Sweedske float yn de Seeslach by Öland, de earste kear dat er as floatkommandant in oerwinning helle. Yn desimber waard er ferheven ta greve fan Syllisborg troch Kristiaan V fan Denemark foar syn tsjinst. Yn 'e tuskentiid (april 1676) wie De Ruyter omkommen by in seeslach yn 'e Middellânske See, mar Tromp koe syn rol as Luitenant-admiraal-generaal net oernimme salang't er yn Deenske tsjinst siet; dêrom begûn er op syn ûntslach te driuwen troch oerdreaune easken te stellen, holpen troch in tanimmend anty-Nederlânsk sentimint by de Denen dy't ûntefreden wiene mei it ynlûken fan 'e Nederlânske help. De strategy fan de Nederlânske Republyk wie om in machtsbalâns te meitsjen yn de Baltyske See. Op 8 maaie 1678 krige er yndie syn ûntslach.
Lettere jierren
bewurkje seksjeOp 6 febrewaris 1679 waard Cornelis Tromp beneamd ta luitenant-admiraal-generaal fan 'e Republyk. Hy soe lykwols net sa folle fan syn posysje genietsje: hy wie mear in lêst wurden as in stipe foar Willem III en hy soe nea wer in float befelhawwe. Yn april 1684 waard er as kommandant opfolge troch Cornelis Evertsen.
Cornelis Tromp ferstoar op 26 maaie 1691. Hy waard begroeven yn de grêfkelder fan de famylje Tromp yn Delft.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|