Corrie ten Boommuseum

It Corrie ten Boom Museum of Corrie ten Boommuseum (korrekte stavering), yn Haarlim, is sûnt 1987 in museum ta oantins fan Corrie ten Boom.

Corrie ten Boommuseum

Corrie ten Boom wie yn it earstoan horloazjemakker. Under de besetting wie sy mei-oprjochter fan in helpline foar joaden. It hûs mei aparte ferbouwings, lykas in skûlromte, wie in trochfieradres. Yn 1943 waard dy skeakel yn de line nei in ûnderdûkadres foar joaden ûntdutsen. Corrie, har heit Casper en har suster Betsie waarden nei in konsintraasjekamp stjoerd. Yn it kamp tsjûge hja fan har leauwe yn Kristus. Sy oerlibbe it kamp en ferfear nei de oarloch nei de Feriene Steaten. Dêr waard hja bot ferneamd.

De wente fan de horloazjery oan de Barteljorisstrjitte 19 yn Haarlim, út 1837, waard earst yn 1983 oankocht en renovearre troch de stichting Corrie ten Boom Fonds en sûnt is it in museum, dat fral troch Amerikanen besocht wurdt. De sionistyske Amerikaanske auteur en sjoernalist Michael David Evans (1947), oprjochter fan ferskate konservative kristlike organisaasjes en skriuwer fan tsientallen boeken, is foarsitter fan it bestjoer. Corrie ten Boom hat ek tal fan boeken skreaun, dy't in protte fan har ûnderfinings yn de Twadde Wrâldkriich behannelje.


Keppelings om utens

bewurkje seksje