Kynke (Cynthia) Lenige, (Makkum, 6 novimber 1755 - dêre, 3 oktober 1780) wie in Frysk dichteresse.

Cynthia Lenige
skriuwer
Kynke Lenige
Kynke Lenige
persoanlike bysûnderheden
berne 6 novimber 1755
berteplak Makkum
stoarn 3 oktober 1780
stjerplak Makkum
etnisiteit Frysk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre poëzy
perioade 18e iuw
jierren aktyf 1767 - 1780
offisjele webside
Lenige har profyl yn de DBNL

Cynthia Lenige wie de âldste dochter fan de Makkumer keapman en skriuwer Dirk Lenige (1722-1798) en Akke Rymersma (1724-1798). De húshâlding hearde by de meniste gemeente fan Makkum, de bern krigen dan ek in strange opfieding. Lenige hie noch in suster en twa bruorren. Thús waard in soad omtinken bestege oan keunstsinnige saken, fral oan it skriuwen fan poëzij. De bern waarden dêryn tige stimulearre troch harren heit Dirk, dy't sels fral Fryske gedichten skreau.

Omdat Cynthia swakke sûnens hie, krige hja thús les fan har heit en fan ûnderwizer en dichter Teake Doitzes. Yn dy lessen wie der in soad omtinken foar de Nederdútske taal, mar út in gedicht fan Cynthia docht bliken dat hja it spitich fûn dat hja gjin Latyn leard hie, omdat hja sa de klassike wurken net streekrjocht lêze koe. Hja wist in soad en hie dan ek in eigen keamer om te lêzen en skriuwen. Ut wurken fan har heit docht bliken dat hja al betiid begûn te dichtsjen. Doe't hja 16 wie, hie se al in bondel sammele mei dêryn 93 gedichten, dêr't twa fan yn it Frysk wiene. De bondel wie ferdield yn trije ôfdielings: ‘Mengeldichten’, ‘Verjaargezangen’ en ‘Bruiloftsgezangen’. Opfallend binne de satiryske gedichten yn 'Mengelgedichten' dêr't Lenige de diskusje oangiet oer it al dan net neifolgjen fan de klassikers. Op oare punten foarme hja ek in dúdlike miening, dat frij opmerklik is foar sa'n jonge dichteresse dy't yn har opfieding gjin klassikers hân hat.

Fan 1773 oant 1777 wie Lenige, lykas har heit, lid fan it Makkumse dichtgenoatskip ‘Konst voedt ’s menschen geluk’. Dat genoatskip hat sûnder mis in grutte stimulâns west foar Lenige oer it algemien. By it genoatskip hat hja nei alle gedachten ek har kar foar 'gruttere' ûnderwerpen weihelle. De gearwurking mei de dichters fan dat genoatskip wie net genôch foar har, want fan 1776 ôf siket hja kontakt mei dichters bûten Makkum en bûten Fryslân. Hja soe ûnder oare kontakt hân hawwe mei Willem Bilderdijk. Der soe ek in ferhaal gean dat hy ris op har fereale wie, mar dat ferhaal doocht net. Yn har gedichten jout hja oan dat hja bekend wie mei de wurken fan Hubert Kornelisz. Poot en nei alle gedachten ek mei dy fan Juliana Kornelia de Lannoy. Ek hat hja har ynspirearje litten troch it wurk fan Lukretia fan Merken.

Yn 1782 ferskynde postúm in dichtbondel fan har ûnder de namme 'Mengeldichten'. De útjefte waard fersoarge troch trije dichters dêr't hja literêre kontakten mei hân hat: Jacob Adriaensz Backer fan Harns, Jan de Jongh de Jonge fan Inkhuzen en Jan Jordens fan Amsterdam. Troch de útjefte fan de bondel 'Mengeldichten' is Lenige ek bûten Fryslân ferneamd wurden. Hja waard troch in soad minsken priizge en út ûnderskate postúme wurdearrings docht bliken dat yn har eigen tiid in soad fan har ferwachte waard.

Cynthia Lenige ferstoar yn it jier 1780 op in jonge leeftyd: hja wie noch gjin fiifentweintich jier. Hja hat dan ek nea troud west. Hja stoar oan de dysentery, dat doe yn Makkum hearske. Op de troudei fan har âlden, op 7 oktober 1780 waard hja begroeven. Fanwegen besmettingsgefaar net yn de tsjerke, mar op it gewoane begraafplak fan Makkum.

Yn Makkum is in strjitte nei har ferneamd en by de Doniatsjerke dêre stiet in grêfpylderke ta har oantins.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: