De Doniatsjerke is in yn goatyske styl boude tsjerke yn de âlde kearn fan de Makkum. De tsjerke is sûnt 2023 yn gebrûk as in kultureeel sintrum en wurdt allinne noch by spesjale gelegenheden foar tsjerketsjinsten brûkt.

Doniatsjerke
De tsjerke fan Makkum op de Sint-Martensterp yn 2023
De tsjerke fan Makkum op de Sint-Martensterp yn 2023
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Makkum
adres Tsjerkebuorren 37
koördinaten 53° 3' NB, 5° 23' EL
Arsjitektuer
boujier 1660
1652 (toer)
boustyl gotyk
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 39373
Webside
Stifting Van Donia
Kaart
Doniatsjerke (Makkum)
Doniatsjerke

De tsjerke waard yn 1660 boud en ferfong de earder ôfbrutsen Sint-Martenstsjerke op dit plak. De toer wie acht jier earder boud en hearde noch by de âlde tsjerke. Nei de ôfbraak fan dy tsjerke bleau de toer stean en waard de nije tsjerke der tsjinoan boud. Opfallend is dat de as kalvinistyske boude tsjerke noch yn 'e roomske styl mei in eastlik koer boud waard.

De tsjerke leit op de lykneamde Sint-Martensterp yn de âlde agraryske buorren fan Makkum. Letter wreide it plak him fierder út nei it suden ta en kaam bûten de buorren te lizzen yn it by Makkum foege Statum, by de slûs nei de eardere Sudersee yn de farrûte nei Boalsert. De oarspronklike yngong fan de tsjerke wie yn de toer oan de westkant. Yn 1887 waard der in nije yngong yn it koar oan de eastkant fan de tsjerke makke. Yn de knobske tsjerketoer, mei trije liddingen en in ynsnuorre spits, hinget in troch Johannes Nicolaus Derck yn 1770 getten klok. Op de toer stiet in wynwizer yn de foarm fan in seehynderke. Yn de tsjerke binne noch in soad oantinkens bewarre oan it aadlike laach Donia, wêrfan de leden har ynspand hawwe foar de bou fan de tsjerke. Ferskate dielen fan it tsjerkeynterieur, wêrûnder de preekstoel, binne makke yn de 17e iuw.

 
Oargel

Yn de tsjerke is in grêfpylderke foar de dichteres Cynthia Lenige, lid fan it dichtgenoatskip Kunst kweekt het menschelijk geluk en dochter fan Dirk Lenige, de earste Fryske dichter fan sonnetten. Nei har is yn Makkum in strjitte neamd.

De tsjerke waard yn de jierren 1950 restaurearre. It yn 1913 yn de toer setten oerwurk, kommend út de tsjerke fan Koarnwert en makke yn 1616, waard by dizze restauraasje weihelle. Nei de restauraasje fan de toer yn 1982 waard dit toeroerwurk út 1616 wer weromsetten.

It oargel dateart út 1848 en is makke troch de oargelbouwer Carl Friedrich August Naber fan Dimter. Der hawwe ferskillende restauraasjes west, mar it oargel is troch de tiid hinne fierder net in soad feroare. It oargel hat achttjin registers op twa manualen en oanhongen pedaal.

Yn 2019 keas de PKN-gemeente der foar om de oarspronklik herfoarme Doniatsjerke ôf te stjitten en allinne de grifformearde tsjerke It Anker oan te hâlden foar de tsjerketsjinsten. De tsjerke waard oerdroegen oan in stifting, mei it betingst dat de PKN alle jierren fiif bysûndere tsjinsten yn 'e tsjerke mei fiere. De stifting wol de tsjerke iepenstelle foar keunst, kultuer en debat en hat it gebou by de modernisearing foar dat doel safolle mooglik yn 'e oarspronklike steat litten.[1]

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: