Désanne van Brederode

Désanne van Brederode (Utrecht, 2 novimber 1970) is in Nederlânske skriuwster en filosofe.

Désanne van Brederode
skriuwer
Désanne van Brederode yn 2012
Désanne van Brederode yn 2012
persoanlike bysûnderheden
echte namme Désirée Anne Victorine (Désanne) van Brederode
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 2 novimber 1970
berteplak Utert
wurk
sjenre Roman, essay, kollumn
offisjele webside
DBNL-profyl

Van Brederode is in dochter fan in eardere jezuyt en preester. Se studearre filosofy oan de Frije Universiteit Amsterdam en debutearre yn 1994 mei har roman Ave verum corpus ("Groete wierlik lichem"). Hja skriuwt en hâld lêzingen, faak oer libbensbeskôchlike tema's. Van Brederode publisearre ûnder oare yn opinywykblêd De Groene Amsterdammer. Ek wurke se mei oan it literêre radioprogramma Knetterende Letteren (Cultura 24). Fan 2006 ôf hie se geregeldwei in kollumn yn it telefyzjeprogramma Buitenhof. Yn 2007 wûn se de Literatuerpriis Gerard Walschap-Londerzeel. Se skriuwt ek kollumns foar it kristlike opinytydskrift De Nieuwe Koers en it Flaamske katolike wykblêd Tertio.

Van Brederode hat troud west mei De Volkskrant-redakteur en literatuerkritikus Arjan Peters. Sy hawwe in soan.

  • Ave verum corpus (1994)
  • Oerboek (1997)
  • Credo: bezielde verhalen uit de Nederlandse literatuur (1997)
  • Stiller leven (essay) (1998)
  • Mensen met een hobby (2001)
  • Het opstaan (2004)
  • Modern dédain (2006)
  • Hart in hart (2007)
  • Brief aan een gelukzoeker (2007)
  • Door mijn schuld (2009)
  • Stille Zaterdag (2011)
  • De ziel onder de arm (2013)
  • Vallende vorst (2015)
  • Wonderlamp (2019)
  • De Profeet (2004) fertaling fan it boek The Prophet fan Kahlil Gibran (1923)
  • De tas (2021)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: