Dúnparlemoerflinter
De dúnparlemoerflinter (Fabriciana niobe; foarh. Argynnis niobe) is in soarte yn de famylje fan de aureliaflinters (Nymhalidae).
dúnparlemoerflinter | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Fabriciana niobe | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Foarkommen
bewurkje seksjeDe flinter hâldt fan drûge skrale greiden. De flinter is mar op in pear plakjes yn Nederlân mear te finen: yn de dunen flakby Hillegom, op de Waadeilannen en, ien populaasje, op de Feluwe. De soart is honkfêst.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as: bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.
Flinter
bewurkje seksjeDe wjuklingte is likernôch 23 oant 30 mm. Op de ûnderkant fan de efterwjuk sit in rige fan wite plakken mei readbrune rânen.
-
Argynnis niobe
-
△ Argynnis niobe
Fleantiid
bewurkje seksjeDe flinter fljocht fan ein maaie ôf oant ein augustus. De Dúnparlemoerflinter fljocht yn ien generaasje.
Rûp
bewurkje seksjeDe rûp hat syn groeiperioade yn it foarjier en yn de foarsimmer. It aai oerwinteret op de grûn.
De rûp fret it fjildfioeltsje en it dúnfioeltsje.