Dizze side giet oer de stêd yn de Feriene Arabyske Emiraten. Foar it emiraat mei deselde namme, sjoch: Dûbai (emiraat).

Dûbai (Arabysk:دبي; ek wol transliterearre as Dubai of Doebai) is ien fan de Feriene Arabyske Emiraten (FAE). It is de haadstêd fan it lykneamde emiraat Dûbai. Dûbai leit oan de noardkante fan it grûngebiet fan it emiraat. De stêd wurdt trochsnien troch in srream, in smelle baai fan de Perzyske Golf.

Stedsbyld

De stêd is ferneamd rekke om har heechbou, wêrûnder it heechste gebou fan de wrâld is, de Burj Khalifa, en de eilannen dy't foar de kust fan de stêd opspuite binne yn de foarm fan in palm en in wrâldkaart.

De oaljereserves en de oalje-releteare ynkomsten fan Dûbai binne minder as ien-tweintichste fan dy fan it emiraat fan Abu Dhabi. Dûbai en Deira binne de wichtigste thúshavens foar westerske fabrikanten. It grutste part faan it bankwêzen fan de nije stêd en de finansjele sintrums binne fêstige yn it havengebiet.

Ynternettagong is beheind troch middel fan ynternetfilters, sa´t men seit om de godtsjinstige wearden fan de Feriene Arabyske Emiraten te beskermjen.

Elts jier yn desimber wurdt yn Dûbai it Ynternasjonaal Filmfestival fan Dûbai holden, it grutste evenemint fan syn soarte yn 'e Arabyske wrâld.

Nijsgjirrige bouwurken

bewurkje seksje