D' Halve Maen (skûtsje)
[[|240px]] | |||||
| |||||
Eigener | Stichting Freonen fan Skûtsje d'Halve Maen en Boeier 'Albatros' | ||||
Plak | Drachten | ||||
Werf | Roorda, De Piip | ||||
Boujier | 1912 | ||||
Kleur | brún | ||||
Lingte | 19,39 | ||||
Breedte | 3,52 | ||||
Holte | 1,12 | ||||
Djipgong | 0,43 | ||||
Skipper | Klaas Westerdijk | ||||
Tonnaazje | 36 |
d' Halve Maen is in skûtsje dat foar Drachten meidocht oan it SKS-skûtsjesilen. It hjoeddeiske skûtsje is boud yn 1912 troch Roorda op skipwerf de Piip yn Drachten. Dizze werf lei oan de eardere Drachtster Feart op it stee fan it parkearterrein fan Philips oan it Mûnein.
Drachtster werven
bewurkje seksjeIt earste skûtsje mei de namme Halve Maen, ek in Drachtster, is boud yn 1923 op de werf fan O.J. van der Werff op it Bûtenstfallaat oan de ein fan de Drachtsterfeart. De skûtsjes fan dizze beide Drachtster skipswerven stean bekend om harren faasje en fraaie boufoarm dêr't in goed kompromis fan snelheid en laadfermogen kombinearre waard. Yn 2017 farre der 8 skûtsjes fan de Piip en 4 fan Bûtenstfallaat mei yn de SKS fleat fan 14 skûtsjes.
Namme
bewurkje seksjePhilips hat sûnt 1959 yn totaal 4 skûtsjes ûnder de namme d’ Halve Maen yn de feart hân. It earste skûtsje is troch Philips Drachten oankocht mei jild út in skinking fan de Amerikaanske dochter Norelco dy't de ferkeap fan it 50 miljoenste skearapparaat op paste wize fiere woe. De oankeap moast in relaasje hawwe mei it wetterrike Fryslân. Philips hat der doe foar keazen om in bydrage te leverjen oan de Fryske kultuer troch in skûtsje oan te keapjen.
It twadde skûtsje waard oankocht (en it earste ferkocht) yn 1983, it tredde yn 1993, en it hjoeddeiske skip fart sûnt 2001 mei yn de SKS fleat. D’ Halve Maen wie de namme fan it Nederlânske VOC skip mei in heal Ingelske en in heal Nederlânske bemanning dêr't kapitein Henry Hudson yn 1606 mei de nije westlike ferbining nei Aazje fine woe. Om de ferbûnenens fan it Amerikaanske Norelco en it Nederlânske Philips krêft by te setten waard it geskink fan Norelco ferneamd nei it VOC skip fan eartiids.
In replika fan it VOC skip d’ Halve Maen leit no yn Albany NY by it New Nederland Museum.
Skippers
bewurkje seksjeSkippers dy't oan it helmhout fan d'Have Maen stienen::
- 1959-1962 : Douwe Tjerkstra
- 1963-1976 : Teake Brouwer
- 1969-1977 : Sipke Tjerkstra
- 1977-1981 : Chris Brouwer
- 1982-1984 : Teake Visser
- 1985-2000 : Pieter Brouwer
- 2001-2006 : Jitze Grondsma
- 2007-2009 : Jitze Mink
- 2010-2011 : Jacob Zwerver
- 2011-2016 : Berend Mink
- 2017-no: Klaas Westerdijk
Bemanning
bewurkje seksjeSkippers Taeke en Chris Brouwer wienen beide yn tsjinst fan Philips Drachten. De bemanning wurdt troch de skipper sels útsocht. Oant ± 1980 bestie de bemanning fan d’ Halve Maen foar mear as de helte út eardere beropsskippers dy't in nije baan fûn hienen by it skearapparatefabryk fan Philips Drachten. Mei de komst fan de nije skipper Jitze Mink is ek wer besocht Philips wurknimmers oan board te krijen. Fan de 15 bemanningsleden wurken yn 2009 fjouwer by Philips Drachten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |