Dakota Skye (film)
Dakota Skye is in Amerikaanske coming-of-agedrama út 2008 ûnder rezjy fan John Humber, nei in senario fan Chad Shonk. De haadrollen yn 'e film waarden fertolke troch Eileen April Boylan, Ian Nelson en J.B. Ghuman jr.
Dakota Skye | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | John Humber | |
produsint | John Humber Shaun O'Banion | |
senario | Chad Shonk | |
kamerarezjy | Brett Juskalian | |
muzyk | Seth Podowitz | |
filmstudio | – (ûnôfhinklike film) | |
spilers | ||
haadrollen | Eileen April Boylan Ian Nelson J.B. Ghuman jr. | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 14 maart 2008 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | dramafilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 89 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $150.000 |
Plot
bewurkje seksjeDakota Skye is it coming-of-ageferhaal fan it santjinjierrich famke mei deselde namme, dat oer in superkrêft beskikt: se kin eltse leagen trochsjen dy't har ferteld wurdt. Har wrâld feroaret as Jonah, de yn New York wenjende bêste freon fan har feint, op besite komt. Foar de earste kear yn har libben moetet Dakota dan nammentlik immen dy't har net foarliicht. Dêrtroch komt se har eigen libben mei hiel nije eagen te sjen.
Produksje
bewurkje seksjeDakota Skye waard regissearre troch John Humber, dy't tegearre mei Shaun O'Banion ek filmprodusint wie. It senario waard skreaun troch Chad Shonk, wylst Brett Juskalian de kamerarezjy die, en de filmmuzyk fersoarge waard troch Seth Podowitz. Dakota Skye waard makke as in ûnôfhinklike film, mei in budget fan $150.000. De film gie op 14 maart 2008 yn premiêre.
Untfangst
bewurkje seksjeDakota Skye waard fertoand op ferskate filmfestivals, wêrûnder it Filmfestival fan San Luis Obispo, it Filmfestival fan Phoenix, Filmfestival fan Charlotte en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Edmonton. De film krige mingde kritiken.
Resultaat
bewurkje seksjeChad Shonk wûn mei Dakota Skye yn 2008 de Copper Wing Award foar bêste senario op it Filmfestival fan Phoenix. Produsint John Humber waard datselde jiers de Festival Prize yn 'e kategory bêste ferheljende langspylfilm takend op it Filmfestival fan Charlotte.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |