Dana Erna de Vries (Frjentsjer, juny 1993) is in selliste.

Dana de Vries
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dana Erna de Vries
berne juny 1993
berteplak Frjentsjer
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre Klassike muzyk
ynstrumint sello

Se studearre oan it Prins Claus Konservatoarium yn Grins en waar yn septimber 2011 talitten oan it Conservatoire de Boulogne yn Parys. Se krige les fan Jan-Ype Nota en Michel Strauss. It Dames Tiemersma Fûns hat har dêrby stipe.

De basis foar har stúdzje waard sûnt har seisde lein troch Jiri Prchal. Doe't se njoggen jier wie, wie se foar it earste te hearren mei it Frysk Jeugdorkest. Neist optredens yn Nederlân, stie se ek yn de Carnegiehall yn New york, yn Portegal en yn Europeeske lannen mei ûnder mear it Nederlânsk Filharmonyorkest (NedPhO), it Noard Nederlânsk Orkest (NNO), it Nasjonaal Symfoanysk Keamerorkest (NASKA) en Jeugdorkest Nederlân (JON), it Haydn Jeugd Strykorkest (HJSO) út Grins en it Jeugd Keamerorkest fan it Mieczyslaw Karlowitz Muzieklyceum út Poznan (Poalen). As keamermusikus trede se al op mei ûnder mear Emmy Verhey.
Dana folge masterklassen en die mei oan festivals as it Orlando Festival en it Peter de Grutte Festival.

Se bespilet in D. Nicolas Aine-sello út 1790, dy't se yn brûklien hat fan Michel Dispa. De Lapierre-strykstôk brûkt se fan har âld-learaar Jiri Prchal.

Prizen wûn se by de Jûn fan de Jonge Musikus, it Prinses Christina Konkoers, it Haydn Muzyk Festival en de Stichting Jong Muziektalent Nederland.

  • op 11 maaie 2012 kaam se yn it nijs doe't se út de trein nei Grins setten waard omdat se gjin kaartsje foar har sello hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: